Almeare Haven

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Almeare Haven
Goaimardyk East
Sintrum Almeare Haven
Sintrum Almeare Haven

Almeare Haven (Nederlânsk en offisjeel: Almere Haven) is in stedsdiel binnen de gemeente Almeare yn de provinsje Flevolân. It stedsdiel hat 22.356 (1 april 2009) ynwenners en leit oan de Goaimar. It is it lytste stedsdiel fan Almeare.

Almeare Haven is it âldste gedielte fan Almeare. De earste wenningen waarden oplevere yn novimber 1976. De earste bewenners wienen benammen Amsterdammers. Doe waard Almeare Haven noch oan elkoar skreaun, as "Almearehaven". By de ynstelling fan de gemeente Almeare op 1 jannewaris 1984 waard ek de namme fan dit stedsdiel feroare.

Yn Almeare Haven wurde alle jierren it lanlik bekende Stoomfestival en it Havenfestival organisearre. It Stoomfestival lûkt alle kearen tûzenen (ynternasjonale) besikers. Ek wurdt de lêste jierren de Almeerse Triathlon yn Almeare Haven hâlden, neidat it sintrum mei om de grutte ferbouwings dêre, net mear foldie.

It middelpunt fan it stedsdiel, leit eins oan de ein fan Almeare, oan de Goaimar. Hjir leit de haven mei in protte restaurantsjes, en û.o. in kasino en in lytse jachthaven. Der binne plannen op priemmen foar útwreiding fan de havenkom, dêr't in bûlevaar en lytse strjitsjes, nei foarbyld fan it festingstedsje Naarden, troch ûntstean moatte.

Wiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Almeare Haven hat de wiken:

De Steiger en De Peal binne de grutste yndustryterreinen fan Almeare Haven.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ten noarden fan Almeare Haven stiet busstation ’t Ear. Hjirwei ride ferskate buslinen nei Almeare Bûten, Almeare Stêd, Amsterdam, Hilfertsom en Bussum.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn de jierren tachtich assosiearde mannich Nederlanner dit stedsdiel mei de comedyrige Laat maar zitten, wêryn ien fan de finzenen it allegeduerigen hie oer "myn skoansuster yn Almeare Haven".
  • It Stoomfestival hjit sûnt 2007 it Stoom- en enerzjyfestival omdat der te min belangstelling wie foar it stoomfestival.
  • Alhoewol't Haven it âldste stedsdiel is, hat it as ienige Almearder stedsdiel gjin NS-stasjon.
  • Alle wiken hawwe op de kaart in rûne foarm.
  • Kastiel Almeare kaam net fierder as de rûchbou.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: