Springe nei ynhâld

Famylje (keunstwurk)

Ut Wikipedy
Gesichten

Famylje is in keunstwurk fan Paul de Reus dat sûnt augustus 2010 op de dyk tusken de Slûs en de Fearkaai by de jachthaven fan Almere Haven stiet. It wurk bestiet út in figuer op 'e kop yn losse, kleurige klean. Syn holle ferburgen yn de ierde. Op syn trappeljende fuotten in enoarme bol fol gesichten. De bol liket rûn te draaien yn in einleaze beweging. It stiet symboal foar de soad gesichten en it ferskaat fan de stêd.

Dit keunstwerk is in geskink oan de stêd fan en waard opdroegen oan Jan de Vletter, âld-direkteur fan wenningkorporaasje de Alliantie en inisjator fan in soad keunst- en kultueruterings yn Almere. It byld waard ûnthuld troch de pakesizzers fan De Vletter. It wurk is ûnderdiel fan De Collectie Almere, dat beheard wurdt troch Museum de Paviljoens.