Springe nei ynhâld

Kassel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kassel (Hessen))
Kassel
Friedrichsplatz
Friedrichsplatz
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân
Dielsteat
Regierungsbezirk Kassel
Sifers
Ynwennertal 200.406 (31 desimber 2021)
Oerflak 106,8 km²
Befolkingsticht. 1876 /km²
Hichte 167 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 34001–34134
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 19' N 9° 30' E
Herkules stânbyld Wilhelmshöhe
Herkules stânbyld Wilhelmshöhe
Offisjele webside
www.kassel.de
Kaart
Kassel (Hessen)
Kassel
Lizzing yn Hessen

Kassel (oant 1926 Cassel) is in stêd yn Dútslân yn de dielsteat Hessen oan de Fulda, mei goed 200.000 ynwenners. It is it iennige stêdlike sintrum yn it noarden fan Hessen en jildt dêrom as it ekonomyske en kulturele swiertepunt fan de regio. De stêd is benammen ferneamd troch de documenta, in fiif-jierlikse keunstmanifestaasje oer eigentiidske keunst.

Bergpark Wilhelmshöhe; útsjoch op slot en stêd mei Wilhelshöher Allee
It âlde riedhûs, boud yn 1404, ôfbrutsen yn 1837, Ludwig Emil Grimm, 1815

Kassel waard foar it earst neamd yn 913. It krige yn 1189 stedsrjochten en waard ûnder Hindrik I fan Hessen haadstêd fan it lângreefskip Hessen. Fan 1567 - 1806 en fan 1813 - 1866 wie it de haadstêd fan Hessen-Kassel. Koart neidat Hessen-Kassel in karfoarstendom waard, besetten de troepen fan Napoleon yn 1806 de stêd, dy't haadstêd waard fan it nij stifte keninkryk Westfalen en residinsje fan Napoleon syn broer Jérôme Bonaparte waard. Fan 1813 ôf wie it wer in karfoarstendom, mar oan de ein fan de oarloch yn 1866 waard it ynlive troch in agressyf ekspandearjend Prusen, omdat it - krektas it Hannover - oan de kant fan de Eastenrykske Habsburchske monargy stien hie.

In swarte bledside yn de skiednis fan de stêd is de jûn fan 7 novimber 1938. Sels noch twa dagen foar de beruchte Reichskristallnacht fan 9 op 10 novimber 1938 waarden yn Kassel de synagoge en oare Joadske ynstellingen en gebouwen fernield.

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden grutte dielen fan de stêd ferwoastge. It swierste bombardemint barde op 22 oktober 1943. Yn ien nacht tiid kamen 10.000 mensen om it libben en waard 80% fan it wenningebestân ferwoastge. De âlde binnenstêd mei syn protte fakwurkhuzen wie in gaadlik doel binnen de strategy fan de saneamde moral bombing. Fosfor- en brânbommen soargen foar in fjoerstoarm, dy't ek bygelyks de stêden Hamburch en Dresden swier rekken.

Nei de oarloch waard de stêd neffens in nij strjitteplan opboud mei in moderne bebouwing. De Treppenstraße waard de earste fuotgongerssône yn de Bûnsrepublyk. De rom opsette stêdeboukundige planning dy't yn de 50-jierren sa modern wie, waard letter yn Dútslân swier bekritisearre.

Yn 1948 besoch Kassel omdôch om haadstêd fan de nije Westdútske republyk te wurden.

Yn 1960 wie Kassel de earste stêd yn Europa dêr't urbanisearre waskbearen sinjalearre waarden. Op dat stuit hat de waskbearepopulaasje yn Kassel de heechste tichtheid fan Europa.

Kassel leit sa'n 70 km noardwestlik fan it geografyske mulpunt fan Dútslân. Nei Erfurt en Göttingen is Kassel dêrmei de meast sintraal lizzende grutte stêd yn Dútslân. De stêd leit yn it noardlikste diel fan de dielsteat Hessen, flakby de grins mei Nedersaksen, yn it saneamde ‘’Kasseler Becken’’, in grut tsjetteldelling wêryn't op it leechste punt de wetterrin fan de rivier Fulda rint. Yn dy tsjetteldelling leit de stêd oan hast alle kanten ynsluten troch fiif middelberchtmes, wêrûnder it Habichtswald yn it westen en it Kaufunger Wald yn it easten. De fiif middelberchtmes binne troch twa noardlik en súdlik fan de stêd lizzende en yn east-westrjochting ferrinnende berchrêgen mei elkoar ferbûn. Allinnich de hjir en dêr tige smelle delling fan de Fulda trochsnijt it ‘’Kasseler Becken’’ en de ring fan berchrêgen fan it suden nei it noarden.

Verkeer en vervoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Spoar- en tramnetwurk

De Kasseler Verkehrs-Gesellschaft (KVG) fersoarget it iepenbier ferfier yn de stêd mei tramlinen.

It iepenbier ferfier oer it spoar om Kassel hinne wurdt fersoarge troch de RegioTram, dy't eksploitearre wurdt troch de KVG yn oparbeidzjen mei de Hessische Landesbahn (HLB). It stasjon Kassel-Wilhelmshöhe waard yn 1991 iepene en leit oan de flugge line Würzburg - Hannover.

Berne yn Kassel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynternasjonale Partnerstêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Kassel


Hessen Flagge fan Hessen
Landkreise

Bergstraße - Darmstadt-Dieburg - Fulda - Gießen - Groß-Gerau - Hersfeld-Rotenburg - Hochtaunuskreis - Kassel - Lahn-Dill-Kreis - Limburg-Weilburg - Main-Kinzig-Kreis - Main-Taunus-Kreis - Marburg-Biedenkopf - Odenwaldkreis - Offenbach - Rheingau-Taunus-Kreis - Schwalm-Eder-Kreis - Wetteraukreis - Vogelsbergkreis - Waldeck-Frankenberg - Werra-Meißner-Kreis

Kreisfreie Städte

Darmstadt - Frankfurt - Kassel - Offenbach - Wiesbaden

· · Berjocht bewurkje