Kantroas
kantroas | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
' | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De kantroas, kantsjeroas, kantsjebeam (Rosa canina; Nederlânsk: Hondsroos) is in yn de Benelúks yn de natoer foarkommende roas út de famylje Rosa caninae. De strûk komt foar yn Jeropa, Noardwest-Afrika en Súdwest-Aazje. Yn Noard-Amerika is de plant ynbrocht. De plant is foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Linaeus yn 1753.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strûk wurdt 1 oant 3 meter heech. De blêden en tûken binne grien of kinne somtiden út in readens skine en hawwe gjin klieren oan de ûnderkant. De stikels binne meast heakfoarmich bûgd. Rosa canina 'Assisiensis' is in kultivar sûnder toarnen.
De kantroas bloeit yn juny en july mei 4-6 cm grutte, wite of rôze blommen. De kroanblêden binne folle langer as de tsjelkblêden. De frucht is in ovale, read-oranje, 1,5-2 cm grut kantsjes. De sieden kinne har sûnder befruchting (apomiksy) ûntjaan.
Dizze roas komt foar op grûn dêr't wat yn sit, net al te soere, net al te tsjustere plakken. Mei syn stikels beskermet er him tsjin fretterij. De kantroas komt benammen oan boskrânen, yn hagen en yn strewiel foar. De blommen wurde fan bijen bestowd, de kantsjes wurde graach iten yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris, troch allerhanne fûgels, sa as de readwjuk en de fjildlyster.
Op de kantroas komt de bedeguaargal foar, in woekering feroarsake troch de galbrims Diplolepis rosae.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It elemint honds- (hûn) dat yn in protte talen oan de namme fan dizze roas hinget, stammet út de antike genêskunde: de plant waard brûkt tsjin hûnsdûmens (rabiës).
Nammen yn oare talen
- Dútsk: Hundsrose
- Ingelsk: Dog Rose
- Frânsk: Églantier, Rosier des chiens, "hûneroas".
- Sweedsk: stenros, "stienroas."
- Noarsk: steinnype, "stiennen heup."
- Deensk: hunderose, "hûneroas."
- Azerbeidzjaansk: itburunu, "hûnenoas."
Tapassing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de kantsjes wurdt ûnder oaren jam en sjerp makke. Dizze jam befettet in soad fitamine C. Fierders sit der ek karoteen, fitamine B1 en fitamine B2 yn. De plant is teffens ryk oan beskate anti-oksidanten. en is wol tylt foar boppeneamde produkten, fral yn tiden fan tekoarten of yn oarlochstiid.
Yn de Fietnamkriich, waard Rosa canina wol drûge troch soldaten en yn tabak dien. It smoken joech in myld hallúsinogeen effekt en abnormale dreamen.[1]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kantroas, blom
-
Kantroas, kantsjes
-
Kantsjes
-
Bedeguaargal
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rosa canina fan Wikimedia Commons. |
- Plantesoarte
- Roas (skaai)
- Roas (famylje)
- Roaseftige
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Fatikaanstêd
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Gibraltar
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Malta
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Monako
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Syprus
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Algerije
- Lânseigen floara yn Irak
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Israel
- Lânseigen floara yn Jordaanje
- Lânseigen floara yn Libanon
- Lânseigen floara yn Marokko
- Lânseigen floara yn Oezbekistan
- Lânseigen floara yn Palestina
- Lânseigen floara yn Syrje
- Lânseigen floara yn Tuneezje
- Lânseigen floara yn Turkmenistan
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Kanada