Kamp Skoarl

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kamp Schoorl)
Jump to navigation Jump to search
Kamp Skoarl

Kamp Skoarl (Kamp Schoorl) wie in legerkamp en konsintraasjekamp ûnder Skoarl yn Noard-Hollân. Ein 1941 gie it kamp ticht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It waard yn 1939 ynrjochte as legerkamp. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it troch de Dútske besetter brûkt as ynternearrings- en konsintraasjekamp. Kommandant wie Hans Stöver; ien fan de beweitsers wie Karl Berg. Skoarl wie it earste finzenekamp dat de Dútsers yn Nederlân ynrjochten.

It betinkingsmonumint op it plak fan it earder kamp

It kamp waard yn't earstoan brûkt foar de ynternearring fan bûtenlanners dy't yn de tiid fan de Dútske machtsoername yn Nederlân wennen. Dêrnei wie it in kamp foar it trochstjoeren fan benei 425 Joaden út Amsterdam dy't op 22 en 23 febrewaris 1941 by razzia's oppakt wienen. Ut Skoarl wei waarden totaal 649 Joaden nei Buchenwald en dêrwei nei Mauthausen transportearre. Fan dy 649 bleaunen mar twa oer. Letter kamen der kommunisten by, dy't troch de Nederlânske plysje oanhâlden wienen. Sy stienen op listen dy't de plysje-ynljochtingetsjinsten foar de oarloch oanlein hienen; sy waarden op 25 en 26 juny 1941 arrestearre fanwege de Dútske ynfal fan de Sovjet-Uny. De Dútsers hienen it tal oan te hâlden kommunisten opjûn, de plysje koe sels fêststelle wa't areestearre wurde moast en arrestearre faak mear minsken as dêr't de Dútskers om frege hienen. Benei alle kommunisten binne yn Neuengamme bedarre en de measten ferlearen it libben troch fergassing yn Bernburg, medyske eksperiminten mei tbc, útbrûking yn konsintraasjekampen of by it te sink gean fan de Cap Arcona.

Begjin maart 1941 waarden hast 200 jongkeardels út Sommelsdijk in moanne yn Kamp Skoarl fêsthâlden fanwege mislediging fan it Dútske leger en de Nederlânske plysje. Maaie dat jier waarden sa'n 300 Nederlânske loftmachtoffisieren ynternearre omdat se fertocht waarden fan help oan kollega's dy't mei in Fokker G1 jachtkruser ûntkaam wienen nei it Feriene Keninkryk. Juny waarden 100 antirevolúsjonêren yn Kamp Skoarl en 600 kommunisten fêstset, oant begjin augustus doe't hja oerbrocht waarden nei Kamp Amersfoart. Op 18 augustus 1941 waarden benei 200 yn it foar arrestearre kommunisten, ek nei Kamp Amersfoart oerbrocht, dêrnei folgen noch 250 finzenenen. De 25 froulju ûnder de finzenen waarden oer Amsterdam nei Ravensbrück stjoerd.

Ein oktober 1941 waard Kamp Skoarl sletten, faaks omdat it te lyts wie, te deun oan de kust lei en boppedat te fier fan it spoar lei.

Nei de befrijding yn 1945 waarden NSB'ers en kollaborateurs yn it kamp fêstset. De beweitsers wienen meastal tsjinstplichtige soldaten; ien fan harren wie Frédéric Bastet. Yn 1949 waard it kamp foar fêst sletten. Distiid is op it stee besikerssintrum Schoorlse Duinen fan Steatsboskbehear festige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Albert Boer: Het Kamp Schoorl (1994), ISBN 90-9006808-2
  • Andreas Pflock: Gerrit Visser. Von Hengelo nach Wewelsburg – Lebensstationen und Briefe des niederländischen Gewerkschafters aus nationalsozialistischer Gefangenschaft / Van Hengelo naar Wewelsburg – Levensloop en brieven van de Nederlandse vakbondsman uit het nationaalsocialistische gevangenschap (Nederlânsk-Dútske útjefte), Münster 2005, ISBN 978-3-932610-35-6