Kallstadt
Kallstadt | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Bad Dürkheim | |
ferbânsgemeente | Freinsheim | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.267 (2022)[1] | |
Oerflak | 6,57 km² | |
Befolkingsticht. | 193 ynw./km² | |
Hichte | 134 m | |
Oar | ||
Postkoade | 67169 | |
Koördinaten | 49° 29' N 8° 10' E | |
Offisjele webside | ||
www.kallstadt.de | ||
Kaart | ||
Kallstadt an der Deutschen Weinstraße is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Bad Dürkheim yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Freinsheim en is neffens ynwennertal it op trije nei lytste plak fan dy gemeente
De pake en beppe fan Donald Trump fan syn heite kant stamden út Kallstadt. Ek de heit fan Henry J. Heinz, stifter fan it Amearikaanske fiedingsconcern H.J. Heinz Company, kaam oarspronklik út Kallstadt. De famyljes binne oaninoar besibbe.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kallstadt leit likernôch 10 km noard fan Bad Dürkheim oan 'e Weinstraße. It westlike diel fan it doarpsgebiet en twa eksklaven lizze oan it Haardtberchtme, dêr't ek de 493,5 m hege Peterskopf leit. It noardwestlike diel fan it doarpsgebiet is in ûnderdiel fan it natoergebiet Felsenberg-Berntal. Oanbuorjende gemeente binne mei de klok mei Herxheim am Berg, Freinsheim en Bad Dürkheim.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|