Springe nei ynhâld

Freinsheim

Ut Wikipedy
Freinsheim
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Bad Dürkheim
ferbânsgemeente Freinsheim
Sifers
Ynwennertal 4.939 (2022)[1]
Oerflak 13,59 km²
Befolkingsticht. 363 ynw./km²
Hichte 100 m
Oar
Postkoade 67251, 67098
Koördinaten 49° 30' N 8° 12' E
Offisjele webside
www.kallstadt.de
Kaart
Freinsheim (Rynlân-Palts)
Freinsheim

Freinsheim is in stêd yn 'e lânkring Bad Dürkheim yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is ek it haadplak fan 'e ferbânsgemeente mei deselde namme.

Freinsheim leit likernôch 12 km west fan Ludwigshafen tusken Bad Dürkheim en Grünstadt tichteby de Deutsche Weinstraße. Oanbuorjende gemeenten binne fanút it noarden mei de klok mei Bissersheim, Großkarlbach, Weisenheim am Sand, Erpolzheim, Bad Dürkheim, Kallstadt, Herxheim am Berg en Dackenheim.

Yn 'e stêd leit de boarne fan 'e Fuchsbach, wêrfan't it wetter oer de Schrakelbach en de Eckbach yn 'e Ryn mûnet. Yn it west fan Freinsheim leit it Pfälzerwald, dêr't as in eksklave ek noch in diel fan Freinsheim leit.

Skiednis en it besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de noch geve histoaryske binnenstêd fan Freinsheim wurdt it plak ek wol Rothenburg fan 'e Palts neamd.

Yn 'e 14e iuw waard útein set mei de oanlis fan in 8 m hege, letgoatyske stedsmuorre, dy't foar in grut part noch yntakt is. Mooglik wiene der oarspronklik mear as 20 tuorren, wêrfan't hjoed-de-dei 13 bewarre binne. Fan dy tuorren binne lykwols mar acht te sjen, de rest fan de tuorren geane skûl yn hûzen en oare gebouwen. Yn it súdwest joech de Haintor tagong ta de stêd, yn it noardeast de Eisentor dy't ek wol Wormser poarte neamd wurdt.

De âlde haadtsjerke oan 'e Merk fan Freinsheim is sûnt de 16e iuw protestantsk. Tichteby stiet oan 'e Hauptstraße de tusken 1771 en 1773 boude ierklassisistyske katolike Petrus en Paulustsjerke.

Bûten de stêdsmuorren stie eartiids in wetterkastiel, dat sûnt 1471 yn it besit fan Kar-Palts wie. Yn 'e grêft om it eartiidske kastiel stiet noch altiten wetter, mar it kastiel is ferdwûn en op it plak stiet hjoed-de-dei in 19e-iuwsk wenhûs.

Yn 'e wynbergen oan 'e strjitte nei Ungstein stiet in letgoatyske skryn mei in reliëf fan 'e krusiging, dy't de namme Schwarzes Kreuz krige.

Súd fan 'e bebouwing stiet op it begraafplak in romaanske, stompe toer, dy't ea de tagong joech ta de eartiidske romaanske kapel fan Us-Leaffrou-op 'e-Berch. Neffens de boustyl wurdt de toer op healwei de 11e iuw rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: