Springe nei ynhâld

Kaart fan Fryslân

Ut Wikipedy

Yn de kartografy binne de kaarten fan Fryslân al yn de earste atlassen opnomd. Ortelius, Kaerius, famylje De Jode, Mercator hawwe fan Fryslân tige fraaie kaarten útjûn. Grinslân, as hearrende by Frisia, is ek stees opnomd. It binne libbene kaarten, ek al meidat de Waadsee en faak in stik Noardsee en Sudersee by it kaartbyld hearre. Op it mêd fan de seeën leefden de makkers har út mei driigjende, spuitsjende seemûnsters en sierlike, mei bolle seilen, farrende skippen en ynkleurde wynrozen.

Yn in soad lytse bûsatlaskes út de 16e iuw steane se bot soberder ôfdrukt. Fia it kaartbyld fan Jodocus Hondius en Blaeu, wêryn't Fryslân as aparte kaart foarkomt, komt de mânske N.J. Visserkaart, de Schotanuskaart fan 1664 en de saneamde Stiennen Mankaarten, dêr't de Allard-útjefte de meast seldsume fan is.
Yn de 18e iuw wurdt it kaartbyld soberder en de ferneamde Tirionkaart bringt it net fierder as in beskieden cartouche mei it wapen fan Fryslân en in lytse wynroas.

De tritich gritenijen komme yn de 'Beskriuwing fan Fryslân' fan 1664 foar en letter yn de Schotanusatlas.

De Eekhoff-atlas fan mid 19e iuw is in atlasútjefte dy't troch it provinsjebestjoer bekostige waard. Grutte dúdlike kaarten, mar sûnder franje; mear kadasterkaarten (werútjefte 1969). De alve stêden binne op Warkum nei foar it earst troch Braun en Hogenberg útjûn. Dan folgje de Geelkerckenkaarten, de Boutattsútjeften, Guicciardini, Merian, Janssonius, de Witt, Coronelli en Blaeu. Fan de doarpen binne net sa folle plattegrûnen bekend. De ôfbylden dêrfan steane meast yn de Vaderlansdsche Gezichten en yn de Tegenwoordige Staat van Friesland. Yn hânskriften en argiven komme tafallich kaarten fan bepaalde gebieten en plakken foar: Drachten, It Hearrenfean, Menaam, Bakkefean en Haulerwyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: