Springe nei ynhâld

Isaak Tirion

Ut Wikipedy
Isaak Tirion
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne om 1705 hinne
berteplak Utert
stoarn oktober 1765
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Utjouwer, boekehanneler

Isaak Tirion (Utert, om 1705 hinne - Amsterdam, beïerdige 12 oktober 1765) wie in Nederlânske boekferkeaper en útjouwer.

Tirion fêstige him om 1725 hinne yn Amsterdam, earst oan de Nieuwendijk (by de Dam) en fan 1742 ôf yn de Kalverstrjitte nr. 10. [1][2] Hy publisearre in grut tal boeken, searje-wurken en tydskriften. Dêr wiene ek in soad topografyske wurken by, wêrûnder:

  • Hedendaagse Historie' of Tegenwoordige Staat van alle Volken, 45 dielen.
  • Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden yn 12 dielen.

Ek joech Tirion in acht atlassen út, wêrfan't oant sawat 1784 ferskate edysjes ferskynden. De ynhâld dêrfan koe fariearje fan 34 oant 112 kaarten. Ien fan dy atlassen wie de Atlas van Zeeland, útjûn yn 1760, mei kaarten, Siuwske steds- en doarpsgesichten en printen fan eartiids bekende Siuwen. Foar dizze atlas waard in grut tal manuskriptkaarten fan de Hattinga's brûkt as foarbyld foar de opnommen gravueres fan de ûnderskate Siuwske eilannen.

Ut en troch waarden ek samlingen fan kaarten útjûn dy't as atlas ynbûn wurde koene. Klanten waarden advisearre om efter yn de bân ekstra romte oer te litten foar eventuele oanfollingen. De atlaskaarten wiene op grou papier drukt, de kaarten yn syn boeken moasten it dwaan mei tinner materiaal. Foar it meitsjen fan de kaarten hie Tirion in tal graveurs yn tsjinst.

Tirion wurke ek yn opdracht. De Steaten fan Hollân en West-Fryslân fregen tusken 1754 en 1765 om in grut tal wettersteatskaarten. By dy opdracht wied er wiidweidich dwaande mei de redaksje fan it, somtiids geheime, kaartmateriaal.

Nei syn dea gie syn widdo, Johanna Koster, noch in pear jier troch mei syn saak.

  • Visser, P., Isaak Tirion (1705-1765), Amsterdams uitgever en promotor van de Nederlandse Verlichting - een verkenning, yn Boek & letter. Boekwetenschappelijke bijdragen ter gelegenheid van het afscheid van prof. dr. Frans A. Janssen als hoogleraar in de Boek- en bibliotheekgeschiedenis aan de Universiteit van Amsterdam (ss. 467–493), Amsterdam 2004[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vereniging Vrienden van de Amsterdamse Binnenstad: Kalverstraat 10: boeken, kunst en koffie
  2. Heijbroek, J.F. "Het Bibliopolium aan de Kalverstraat" yn De boekenwereld, jiergong 11 (1994-1995)
  3. Frije Universiteit Amsterdam