Springe nei ynhâld

Kopenhagen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Køpenhavn)
Kopenhagen
København
Bestjoer
Lân Denemark
Sifers
Ynwennertal 569.557 (2014)
Oerflak 86.20 km²
Befolkingsticht. 6.600 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 55° 40' NB, 12° 34' EL
Offisjele webside
www.kk.dk
Satellytfoto fan Kopenhagen en omkriten
It stedhûs fan Kopenhagen
Nyhavn
Riedhûsplein
Kopenhagen per boat

Kopenhagen, histoarysk ek Keappenhaven (Deensk: København) is de haadstêd fan Denemark. Kopenhagen leit oan de eastkust fan it eilan Sjellân (Sjælland) en op it eilân Amager mei útsicht op de Sweedske stêd Malmö yn Skâne oan de oare kant fan de Sont (Øresund). De gemeente Kopenhagen hat 509.861 ynwenners en is dêrmei de grutste stêd fan Denemark, wylst de hiele stêdekloft fan Kopenhagen 1.153.615 ynwenners hat (2008).

De measte monumintale gebouwen yn Kopenhagen stamme út de 17e iuw, doe't ûnder Kristiaan IV de stêd opkreaze waard. De binnenstêd is rom opset.

De bútenwiken fan Kopenhagen waarden opset om de wenningneed op te lossen. It binne de wiken Nørrebro ("Noarderbrêge"), Østerbro ("Easterbrêge") en Vesterbro ("Westerbrêge"). Vesterbro is bekend fan it amusementspark Tivoli, Østerbro as in statige wyk dêr't famyljes mei bern wenje en Nørrebro as in folkswyk mei in protte nasjonaliteiten. Sawol Vesterbro as Nørrebro binne de lêste jierren bot feroare, wêrby Nørrebro ien fan de meast hippe útgeanswiken wurden is. Østerbro wurdt as moaiste fan de trije "brêgewiken" sjoen.

Troch it groeien fan de stêd, wêrtroch hieltiten mear grûn derby kaam, is in oare stêd, Frederiksberch, hielendal troch Kopenhagen omsletten. Frederiksberch lei west fan Kopenhagen mar wurdt troch Nørrebro en Vesterbro hielendal ynsletten en is dêrtroch in soarte fan eilânstêd binnen de grinzen fan Kopenhagen wurden. Frederiksberch is oant hjoed de dei noch hieltiten gjin part fan de gemeente Kopenhagen mar hat syn eigen bestjoer en stedhûs.

Strøget is Kopenhagens belangrykste winkelstritte. Hjir binne ferneamde nasjonale produkten te krijen en ek binne der fernaemde ynternasjonale winkels. De winkelstrjitte begjint eins by it Riedhûs (Rådhus), mar fan Nytorv ôf begjint de echte winkelstrjitte dy't trochrint oant Kongens Nytorv dêr't it keninklik teater leit.

Yn de haven stiet it ferneamde byld De Lytse Seemearmin. Dit lytse byld is inspyrearre troch it mearke fan de Deenske skriuwer Hans Christian Andersen. It byld is net it ienige stânbyld: oeral yn de stêd fynt men stânbylden oan de iepenbiere wei en yn parken. Dêrneist hat Kopenhagen ek noch in grut tal musea.

De fontein fan Gefion of Gefjun (1908) is it grutste monumint yn Kopenhagen en leit net fier fan it byld fan Hans Christian Andersens lytse seemearmin. De ûntwerper is Anders Bundgård. De fontein wie in kado fan it Carlsbergfond oan de stêd Kopenhagen. Oarspronklik wie it bedoeld foar it Rådhusplads, mar it is úteinlik oan de ein fan de Amaliegade delset tsjinoer Kastellet, de festing fan Kopenhagen.

Nyhavn is, neist "De Lytse Seemearmin" in toeristyske trekpleister. De huzerige yn ferskillende kleuren, oan it haventsje Nyhavn, dêr't ek de kanaalboaten fertrekke, is ien fan de populêrste toeristeplaatjes yn de fakansjeboeken. Yn ien fan de kleurde huzen hat Hans Christian Andersen noch wenne.

In apart stikje fan Kopenhagen is de Frijstêd Christiania, yn 1970 oprjochte op it terrein fan in oerstallige kazerne.

FC København spilet yn de Deenske superliga.

De stêd is sûnt de simmer fan 2000 mei Malmö yn Sweden ferbûn troch de 18 kilometer lange Sontbrêge (Øresundsbroen), in kombinearre brêge en tunnel. Hjirtroch is het mooglik om streekrjocht mei trein as auto nei Malmö te reizgjen. Dêrtroch kin men in sa'n 45 minuten it sintrum fan Malmö berikke. Mar ek in protte Sweden meie graach in jûntsje op stap gean yn Kopenhagen.

  • 2008 - 509.861
  • 2004 - 502.204

Ferneamde ynwenners fan Kopenhagen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]