Jurriaan Andriessen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Behangskildering makke troch Jurriaen Andriessen nei in skets op in reis troch Fryslân yn 1796. De oerset by Galamadammen is hjir fan de noardkant ôf te sjen. It hok heart by de pont. Nei 't sein wurdt soe dizze skildering hingje yn it hûs Sparrendaal yn Driebergen
Untwerp foar in behingselskildering fan Jurriaen Andriessen

Jurriaen Andriessen (Amsterdam, 12 july 1742 – dêre, 31 july 1819) wie in Nederlânske behangskilder en tekener.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andriessen waard berne op Uilenburg yn de Batavierstrjitte. Syn heit kaam fan Brandenburg en syn mem fan Holstein. Hy waard op 12-jierrige leeftyd in learling fan Anthony Elliger en fjouwer jier letter by Jan Maurits Quinkhard. Hy gie yn 1760 nei de Teeken-Akademie yn Amsterdam en yn 1766 wûn hy de earste priis. Yn datselde jier waard Andriessen lid fan it Sint-Lucasgilde. Hy krige dêrnei fan David van Lennep de wichtige opdracht om behing te leverjen foar it Hûs te Manpad yn Heemstede.

Hy wurke gear mei Johannes fan Dreght en luts op mei Reinier Vinkeles. Andriessen troude yn 1770. It span wenne yn it earstoan oan de Bloemgracht, mar ferhuze letter nei de Prinsengracht, de Binnen-Amstel en it Roeterseilân. Dêr rjochte hy mei Isaac Schmidt in wurkplak op foar skildere behingsels, dêr 't ek syn broer Anthony, de reauskilder syn help ferliende. Syn skildere behangsels toane ornaris arkadyske lânskippen. Andriessen skildere ek dekors foar de skouboarch op de Keizersgracht (1774); tegearre mei Hermanus Numan skildere hy Italjaanske strjittetafrielen. Yn 1799 krige hy in oerhaal en rekke geandewei fierder ferlamme.

Der binne mear as 200 troch Andriessen tekene behangselûntwerpen bekend. In grut oantal fan syn foarûntwerpen en tekeningen wurdt yn it Ryksprintekabinet bewarre. Jurriaen hie tsientallen learlingen en sette in tekenakadeemje op mei syn soan Christiaan. Syn learlingen wiene ûnder mear Jan Bulthuis, Wouter Johannes van Troostwijk, syn broer Anthony Andriessen, Hermanus Numan, Hendrik Voogd, Daniel Dupré en de grytman fan Haskerlân, Arent fan Glinstra. Frijwat unyk is in tekene deiboek dat in tiidrek fan tweintich jier beslacht.

Der binne mar in pear ynterieurs mei ensembles fan Andriessen oerbleaun. Yn Museum Van Loon wurde doeken tentoansteld dy 't oarspronklik út kastiel Drakesteyn komme. Yn de túnkeamer fan It Grachtenhuis (Herengracht 386, Amsterdam) is in ensemble te sjen dat Andriessen yn 1776 makke yn opdracht fan Gillis Alewijn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Harmanni, R., Jurriaan Andriessen (1742-1819). Een schoon vergezicht. Museum van Loon. Swol: Utjouwerij Waanders, 2009