Springe nei ynhâld

Johannes van Dreght

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johannes fan Dreght)

Jo(h)annes van Dreght (Amsterdam, 1737 - dêre, 1807) wie in Amsterdamske eunstskilder fan tapaste keunst: dekôrs, skouwen, koetsen, jachten, sliden en waaiers.

Van Dreght waard yn 1758 lid fan it Sint Lukasgilde. Hy boaske yn 1761 en waard yn 1766 lid fan de Amsterdamske stedstekenakadeemje. Hy ûntfong de gouden earepriis op de tekenakadeemje. Hy wenne yn de Kerkstraat net fier fan de Amstel. Dreght skildere skoarstienstikken yn it stedhûs fan Amsterdam (1772), de Hollânske skouboarch (1774), yn de pânen Herengracht 518 en 520 en yn it Corvershof (1778). Van Dreghts wurk tsjûget fan in nije fyzje op de klassike âldheid, it neoklassisisme.

Polityk sjoen hinge er oer nei de patriotten, dy't aardich sjarmearre wiene fan de Romeinske Republyk. Doe't yn 1781 en 1792 De barbier fan Sevilla, in toanielstik fan Pierre Beaumarchais yn de stedsskouboarch opfierd waard, skildere Van Dreght it dekôr.

De behangskilder Jurriaen Andriessen wie ien fan syn learlingen; Willem Bilderdijk hie syn feardigens as tekener en etser oan it ûnderrjocht fan Joannes van Dreght, dy't 10 jier syn learaar wie, te tankjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D. Carasso, Idem ardor agit. De schilder Joannes van Dreght en zijn leerling Willem Bilderdijk, yn: E.K. Grootes en J. den Haan [red.], Geschiedenis, godsdienst, letterkunde. Opstellen aangeboden aan dr. S.B.J. Zilverberg ter gelegenheid van zijn afscheid van de Universiteit fan Amsterdam, Roden 1989, s. 208-220.
  • De verzameling Van Eeghen. Amsterdamse tekeningen 1600-1950. (1989)