Springe nei ynhâld

Julianus Apostata

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Julianus de Offallige)
Julianus Apostata

Flavius Claudius Julianus (6 novimber 331 - 26 juny 363), better bekend as Julianus II, Julianus de Offallige of Julianus Apostata, wie keizer fan Rome fan 360 oant 26 juny 363.

Julianus wie de jongste soan fan Julius Konstantius (in healbroer fan keizer Konstantyn de Grutte), en syn frou Basilina. Doe't nei de dea fan Konstantyn yn 337 al syn manlike sibben troch soldaten fermoarde waarden, wienen Julianus en syn âldere broer Konstantius Gallus likernôch de iennige oerlibjenden. Oant 351 koe hy rêstich wenje op it famyljegoed yn Lyts-Aazje, dêr't hy de ynfloed ûndergie fan de Ariaanske biskop Eusebius. Neidat syn broer, Gallus, troch keizer Konstantius II, ûnder druk fan de omstannichheden, ta Caesar ferheven wie, krige Julianus sels ek mear frijheid: hy gong studearjen, earst yn Milaan en doe yn Atene, wêr't benammen syn ynteresse foar de Grykske kultuer ûntstie.

Ioulianou autokratoros ta sozomena, 1696

Yn 354 waard Gallus op befel fan de keizer fermoarde fanwege wanbelied, wêrnei't Julianus him as Caesar opfolgje moast. Hy troude mei Helena, de jongste suster fan de keizer. Sa waard hy oerbefelhawwer fan it Romeinske leger yn Galje en it hiele westen fan it Ryk. Hy hie in protte te stellen mei de Franken oan de Ryn-grins. Mei it leger stuts hy oant trije kear ta de Ryn oer. Hy helle ferskate súksessen op de Franken en sleat mei harren in fredesferdrach wêrtroch't de Salyske Franken tastimming krigen harren te fêstigjen yn Noard-Galje, tsjintwurdich Súd-Nederlân en Belgje. Sy waarden sa de earste Germaanske bûnsmaten (foederaty) dy’t op Romeinsk grûngebiet in stik lân tawiisd krigen.

Keizer Konstantius seach mei grut wantrouwen nei de súksessen fan syn neef. Yn 360 moast Julianus in grut diel fan syn troepen oan de keizer ôfstean: dy woe dizze striidkrêften brûke foar syn eigen kampanje tsjin Perzje. Mar it soe lykwols oars beteare. De soldaten, dy't it tige stean hienen op Julianus kamen yn opstân en rôpen him yn Parys út as tsjinkeizer. Konstantius woe hjir neat fan witte en wiisde elk kompromis ôf, de boargeroarloch tusken harren wie in feit. In grut debâkl koe allinnich foarkomd wurde troch de dea fan keizer Konstantius, dy't op syn stjerbêd Julianus as syn legitime opfolger beneamde.

Yn it koarte bewâld fan Julianus as keizer hat hy de senaat altyd mei respekt behannele. Hy bestried de korrupsje ûnder de amtners, en besocht ek de ynflaasje tsjin te hâlden, û.m. troch it muntstelsel te herfoarmjen. Mar foaral op it godstjinnich mêd hat hy yngeand yngrepen. Hy wie foarstanner fan frijheid fan leauwen, mar lei de kristenen wol beperkings op. Nettsjinsteande syn Kristlike opfieding krige hy al jong it mier oan dit leauwen, hy wie tige boeid troch it neoplatonisme. Hy dreamde derfan om wer op de âlde net-kristlike earetsjinsten en tradysjes oer te gean. Dêrom besocht hy û.m. it preesterskip nei kristlik foarbyld opnij te rorganisearjen en moreel te ferheffen. Hy die net oan bluoddrige ferfolgings en woe him hjiroan ek net skuldich meitsje: leaver bestried hy it kristendom troch it oanboazjen fan harren ûnderlinge ferdieldens. Hy rôp dêrom ferbande biskoppen werom nei harren setel. Kristlike leararen joech hy in ferbod de jeugd ta ûnderrjochtsjen, preesters ûntnaam hy harren frijstelling fan belestingen en hy stie de Joden ta harren timpel yn Jeruzalem te herbouwen. Hjirby toande Julianus in grutte literêre aktiviteit. In protte fan syn skriuwen is bestean bleaun.

Sassinitenoarloch fan Julianus

Fêstbesletten it Romeinske gesach yn it Easten te herstellen, foel hy yn 363 Perzje yn. Neidat hy mei súkses fier it Perzyske Ryk ynluts, kaam hy op 26 july 363 ticht by Bagdad yn in gefaarlike fjildslach terjochte. Julianus "de Ôffallige" stoar oan ferwûnings dy’t hy oprûn op it striidperk. Hy wie doe 32 jier âld. Op syn stjerbêd soe hy noch útropt hawwe:"Gallilejer, do hast wûn!", mar dit is net histoarysk bewezen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]