Judokus
Judokus (Latyn: Iudocus; Bretonsk: Yuzeg; berne likernôch 600, ferstoarn yn it jier 668) wie in 7e-iuwske Bretonske ealman. Alhoewol't Judokus nea offisjeel hillich ferklearre is, wurdt er dochs as hillige fereare. Hy wie de soan fan Juthael, kening fan Bretanje dy't rykdom en status ôfwiisde. Hy waard in preester en wenne foar de rest fan syn libben allinne yn de bosken oan de mûning fan de rivier de Canche.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje wie Judokus de soan fan Juthael, kening fan Bretanje, en de broer fan Sint-Judicael en Sint-Winok. Judokus die om 636 hinne ôfstân fan syn erfdiel en rykdom en gyng op pylgerstocht nei Rome. Yn dy tiid waard er preester en sette er him as hearremyt nei wenjen yn Ponthieu, dêr't er oant syn dea bleau. Syn omskot soe ûnfergongklik west ha en nei syn dea knipten syn folgelingen jimmeroan stikjes hier ôf.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak dêr't Judokus as hearremyt libbe hie, ûnstie in ynearsten lokale ferearing. Dêr waard yn it tsjintwurdige Saint-Josse yn de 8e iuw in lyts kleaster boud. Yn 903 twongen Normandyske rôvers de muontsen te flechtsjen en guon reizgen mei reliken fan Judokus nei Ingelân, dêr't se yn de abdijtsjerke fan Winchester in plak krigen en in nij sintrum fan de Jodokus-ferearing stiften.
Ut Frankryk wei wreide de ferearing fan Judokus him út nei Ingelân, Dútslân en Skandinaavje en ek de Nederlannen. Fariaasjes op de namme yn dy kriten binne populêre nammen lykas Josse, Joyce, Joos en Joost en yn de rin fan de tiid ûntstiene der kapellen en tsjerken, dy't oan de hillige wijd waarden.
De Suaire de Saint-Josse is in stik tekstyl, dat foar 961 yn it noardeasten fan Iraan weve waard. Doe't Judokus yn 1134 op 'e nij begroeven waard, brûkten se it om syn bonkerak yn te bewarjen. It lykklaad wurdt tsjintwurdich bewarre yn it Louvre.
It kleaster fan Saint-Josse waard yn 1772 sletten en mei de Frânske Revolúsje yn 1789 foar de ôfbraak ferkocht. De kleastertsjerke waard in gewoane parochytsjerke fan it doarp Saint-Josse. Fan de eardere kleastergebouwen binne hjoed-de-dei gjin spoaren mear te finen.
Judokus is patroanhillige fan pylgers, bakkers, boeren en skippers en hy waard oanroppen tsjin de pest, brân, ûnwaar, fjoer, koarts en foar it krijen fan bern.[1] Chaucer's frou fan Bath swart in soad "by God en Sint-Judokus", itjinge betsjutte kin dat Judokus ek by it swarren oanroppen waard.
Fan de hillige binne reliken te finen yn de oan him wijde tsjerke yn it Dútske Landshut. Tichter by hûs binne der pylgertochten nei de beafeartskapel Sankt-Jost yn Langenfeld yn de Eifel.[2] Yn Brussel betinkt de barokke Église Saint-Josse de hillige en yn Nederlân stiet yn it Limburchske Sint Joost de oan Judokus wijde Sint-Joostkerk. De tsjerke fan de herfoarme gemeente fan it Siuwske Oosterland wie oarspronklik ek oan de hillige wijd.[3]
Etimology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Judoc bestjut "Hear" en is de 14e-iuwske Bretonske ferzje fan de Latynske namme Iudocus. De namme is Josse yn it Frânsk, Jost, Joost of Joos yn it Nederlânsk en Joyce yn it Ingelsk. Nei de 14e iuw waard de namme Judoc noch mar selden brûkt, útsein yn de Nederlannen.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Judokus wurdt yn 'e regel foarsteld as muonts mei in pylgerstêf en somtiden ek mei in pylgerhoed. De kroan, dy't faak oan syn fuotten leit, ûnderskiedt Jodokus fan Sint-Jakobus, dy't ek de patroanhillige fan de pylgers is. De kroan ferwiist nei syn rykdom en keninklike komôf dy't er efter him liet. Yn Eastenryk is yn de Hôftsjerke yn Innsbruck in foarstelling fan de hillige op it mausoleum fan Maksimiliaan I te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Judoc
|