Jordan River Utah Temple

Ut Wikipedy
Jordan River Utah Temple
bouwurk
Jordan River Utah Temple Full View.jpg
lokaasje
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Utah.svg Utah
plak South Jordan
adres 10200 S 1300 W
bysûnderheden
type bouwurk Timpel
boujier 1981
arsjitekt Spencer W. Kimball
offisjele webside
Side fan de timpel

De Jordan River Utah Temple (earder de Jordan River Temple) is in timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn South Jordan, Utah.

Op 3 febrewaris 1978 waard de bou fan de Jordan River Temple oankundige. De earste skep waard op 9 juny 1979 yn 'e grûn set. De neffens in ûntwerp fan de doedestiidske hûsarsjitekt fan de mienskip, Spencer W. Kimball, boude timpel waard yn 1981 foltôge. Fan 29 septimber oant 31 oktober folgen doe lykas wenst by de Mormoanen iepen dagen fan it gebou, dêr't likernôch in heal miljoen minsken gebrûk fan maken om de timpel te besjen. De wijing fan de timpel fûn fan 16 oan 20 novimber plak troch Marion G. Romney.

It bouwurk hat in romte-oerflak fan likernôch 13.800 m². Dêrmei heart de Jordan River Utah Temple ta de gruttere timpels fand e mienskip. De timpel hat in toer fan 66,75 meter hichte, dy't bekroand wurdt mei in byld fan Moroni.

It is njonken de Salt Lake Temple (1893) en de Timpel fan Draper (2009) ien fan de trije timpels yn Salt Lake Valley.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: