Springe nei ynhâld

Timpel fan Draper

Ut Wikipedy
Timpel fan Draper

Draper Utah Temple

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Utah
plak Draper
adres 14065 Canyon Vista Lane
koördinaten 40° 29' N 111° 50' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Hilligen fan de Lêste Dagen
Arsjitektuer
arsjitekt FFKR Architects
boujier 2009
Webside
Side fan 'e timpel
Kaart
Timpel fan Draper (Utah)
Timpel fan Draper

De Timpel fan Draper (Ingelsk: Draper Utah Temple) is in timpelgebou fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Draper, Utah. De timpel waard op 20 maart 2009 iepene troch de 16e Mormoanske presidint Thomas Spencer Monson en is de 129e timpel fan de mienskip en de tolfte timpel fan Utah. Njonken de Salt Lake Temple (1893) en de Jordan River Utah Temple (1981) is it de tredde timpel fan Salt Lake Valley.

De timpel tsjinnet likernôch 60.000 leden fan de Mormoanske mienskip.

De 5.300 m² grutte timpel is ynklusyf it byld fan de ingel Moroni 51 meter heech. Lykas by de measte timpels stiet de ingel Moroni op it heechste punt fan it gebou.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: