Jopie Huisman Museum
Jopie Huisman Museum | ||
![]() | ||
![]() | ||
It Jopie Huisman Museum yn 2025. | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ||
adres | Noard 6 | |
koördinaten | 52° 59' NB 5° 27' EL | |
Algemiene gegevens | ||
ferneamd nei | Jopie Huisman | |
oprjochting | 1986 | |
besikers | 39.500 (2014)[1] | |
Kaart | ||
It Jopie Huisman Museum is in museum yn Warkum dat wurken fan keunstskilder Jopie Huisman eksposearret.
It hjoeddeiske museum is it twadde museum en waard iepene yn 1992 en útwreide yn 2001. It earste museum siet fan 1986 ôf yn it âlde Sleeswijckhuys. De kolleksje bestiet út tekeningen, skilderijen en samlingen.
It museum wurdt stipe troch in Freonerûnte. Der kin ek in 25 km lange fytstocht makke wurde lâns de plakken dy't op de wurken fan Jopie Huisman werom te finen binne en sa wichtich foar him wienen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1985 namen de freonen fan Jopie Huisman it inisjatyf om in eigen museum mei in permaninte eksposysje foar him op te rjochtsjen. Dizze stap waard setten neidat Jopie Huisman besluten hie om net wer te eksposearjen neidat trije fan syn wurken by in eksposysje yn it suden fan it lân stellen wienen. De freonen fûnen syn wurken te belangryk om se net mear te eksposearjen en besletten dat der in museum komme moast. It leafst yn Warkum, it berteplak fan Jopie Huisman.
Sleeswijckhuys
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1986 waard in pân fan de Stifting Hendrick de Keyser (neamd nei Hendrick de Keyser) oan it Noard yn Warkum hierd. Dat 17e-iuwske Sleeswijckhuys wie krekt restaurearre en gie iepen foar it grutte publyk yn it seizoen fan 1986. It Jopie Huisman museum wie in feit. It wie it earste museum yn Fryslân foar in noch libjende keunstner. De besikersoantallen wienen tige grut en al gau die bliken dat it monumintale Sleeswijckhuys te lyts wie foar alle oanrin. De freonerûnte moast om in nij hinnekommen sykje.
Nij museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dat gebou waard oan de oare kant fan It Noard fûn. It eardere skoalgebou fan de Skoalle mei de bibel lei op in perfekt plak yn de buorren fan Warkum: flakby de Gertrudistsjerke, de Merk mei de Waach en de restaurantsjes mei terrassen. Yn 1992 waard it Jopie Huisman Museum op dat stee boud. De bou is modern en ljocht en der is gebrûk makke fan izer wat roastich, brún kleure is en sterk oan de âldizerkeapman tinken docht. Yn it dak binne twa rigen ramen komd, sadat fan boppe ôf in ljochtfloed nei binnen falt op in breed middenpaad mei oan de sydkanten besletten herntsjes. Yn dy ynhammen binne wurken út ferskate perioades en stilen fan Jopie te sjen. De besiker kin him om samar te sizzen weromlûke yn de tiid en him mids de bylden opstelle, dy't Jopie doe de muoite wurdich fûn om te skilderjen.
Utwreiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nochris krigen de arsjitekten Wouda en Van der Schaaf de opdracht om twa opkochte, oanbuorjende gebouwen by it museum te lûken. Dat dienen se sûnder de histoaryske útstrieling fan de foargevels oan te taasten sadat it arsjitektoanyske ferskaat yn Warkum bewarre bleaun is. Dat nije part is ynrjochte as de skuorre fan syn pleats yn Hjerbeam. Dêr is it fysike guod werom te finen, dy't op de wurken fan Huisman skildere binne. De âlde komelkersbroek dêr't er ea fan sein hat dat it in selsportret wie, de berneskuon njonken grutte âldeminskeskuon, it readbaitsje dat him sa bekend makke, de fiskersfûken en de poppen. Yn dat nije stik fan it museum binne ek wat 'nijere' wurken fan Jopie te besjen en is der in bioskoop ynrjochte wêr't sittend yn in stoel byldmateriaal besjen kin.
Yn 2001 wie dy ferbouwing klear. Jopie ferstoar op 29 septimber 2000, sadat er de iepening fan syn 'skuorre' net mear meimakke.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|