Springe nei ynhâld

Joop Verbeke

Ut Wikipedy

Joop Verbeke (Ljouwert, 1930 - dêre, 23 desimber 1997) wie in muzikant dy't benammen bekend waard as begelieder fan kabaretiers as Rients Gratama en Leo Dijkstra. Hy is in broer fan saksofonist Harry Verbeke en bassist Eddy Verbeke.

Nei de HBS hat er earst in skoft rûnom yn it noarden spile. Yn syn tsjinsttiid spile er ek foar de Amerikaanske soldaten in West-Dútslân. Yn 1954 rjochte er it Joop Verbeke Oktet op mei fjouwer blazers en in ritme-seksje dat him op de bebop talei. Sneintemiddeis waard faak spile yn hotel De Groene Weide yn Ljouwert. Letter gie er wurkjen yn it ûnderwiis. Yn dy tiid wied er learaar Dútsk en Skiekunde. By de Rhitm Kings wie er yn dy pianist en trombonist.

Syn earste orkest wie it Dûnsorkest Martin Vijver en pianist en komponist by it Selskip fan Rients Gratama en it Selskip Leo en Leny Dykstra. Ek hat er pianist en letter ek noch in pear jier dirigint fan de 'Big Band Leeuwarden 1973' fan Jelle Buising west. Mear en mear lei er him ta op it komponearjen op dichtsjen. Dy gedichten socht er sels út, soms mei syn freon Jan Bylsma.

Yn 1977 ferskynde de LP "Poëzie album" (Ljouwerter Krante). Verbeke song sels ek gedichten wêrfan't inkele yn it Frysk. Hy begeliede himsels dêrby op de piano by û.o. fersen fan Slauerhoff, Obe Postma, in fragmint út Douwe Tamminga syn Yn Memoriam, Fedde Schurer (Forkeard bisteld) en Jan J. Bijlsma (Myn maet).

De plaat, Joop Verbeke zingt van dichters, is de tredde lp yn de Bijkerige fan de Ljouwerter Krante. Jan Bylsma skreau de tekst foar de hoes.

Letter ferskynde fan it Joop Verbeke Jazz Quartet noch Where I am going, mei sang fan de jazz-sjongster Elly May Efdé.