Springe nei ynhâld

Jonathan van het Reve

Ut Wikipedy
Jonathan van het Reve

Jonathan van het Reve (Amsterdam, 14 novimber 1983) is in Nederlânsk skriuwer. Hy is in soan fan David van het Reve en Ileen Montijn. Karel van het Reve wie syn pake; de skriuwer Gerard Reve wie sadwaande syn âldomke.

Yn 2007 debutearre er mei de koarte roman De boot en het meisje, útjûn troch Nijgh & Van Ditmar, dy't yn de parse frij geunstich besprutsen waard. Der wie wol krityk op de skriuwstyl. Men miende dat dy fan in debutant wie. De beskriuwende dielen fan de novelle waarden lykwols priizge.

Van het Reve hat it Vossius Gymnasium trochrûn, mar hat syn stúdzje oan de Universiteit fan Amsterdam net ôfmakke. Wilens it skriuwen fan syn earste boek wie er as kok oan 't wurk.

Hy is redakteur fan it literêre ynternettydskrift Rosa. Dêrneist is er sûnt april 2008 kollumnist by Het Parool en fan jannewaris 2009 ôf fan Vrij Nederland. Op 1 septimber 2012 gie er oer as kollumnist nei De Volkskrant.

Fan 10 febrewaris 2019 ôf presintearret er tegearre mei Tex de Wit en Diederik Smit it satiryske sportprogramma Makkelijk scoren foar de VPRO. De show rûn yn 2020 ôf.

  • De boot en het meisje (2007)
  • Niet willen of niet kunnen. Van Gogh en de nacht. Amsterdam, 2009
  • Koken voor vrouwen. Van diner tot ontbijt. (mei Diede H. de Jong) Amsterdam, 2010
  • Hoe Paul (per ongeluk) de poot van Piet brak. Amsterdam, 2011
  • Holman liegt : de mooiste, hardste, liefste, helderste, gemeenste, slechtste, ontroerendste leugens bijeen. Red. Jonathan van het Reve. Amsterdam, Nieuw Amsterdam, 2014 ISBN 9789046816707
  • Fidelio leeft nog, Das Mag, 2022 ISBN 9789493248199
  • De boot en het meisje bewurke ta muzykteäter mei komponist Thomas de Jonker[1][2]
  • Lapland. Toaniel 2014 [3]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Info Theaterencyclopedie over 2010
  2. Info Theaterencyclopedie over 2012
  3. Info Theaterencyclopedie over 2014