John Owen
John Owen (Stadhampton (Oxfordshire), 1616 - Ealing (Londen), 24 augustus 1683) wie in wichtich puriteinsk oriïntearre teolooch.
Owen wie as bern al bysûnder bejeftige. Doe't er noch hiel jong wie skreau er en behearske hy al de Grykske taal. Letter waard hy predikant en godgelearde. Hy wie û.o. predikant yn it leger fan Oliver Cromwell en makke doe yn 1652 ek in ûntwerp fan in federative steatstsjerke. As teolooch wie er in oertsjûge bestrider fan it Katolisisme en it Armenianisme. Hy hat in soad teologyske wurken op syn namme stean. In grut part fan syn wurk is dogmatysk fan wêzen. In oar part fan syn wurk is meditatyf.
Yn 1644 troude Owen mei Mary Rooke (stoarn yn 1675). Sy krigen 11 bern, dêr't 10 fan ferstoarne doe't hje noch lyts wienen. Ien dochter waard folwoeksen, troude ûngelokkich, kaam wêr thús, en ferstoar koart dêrnei troch tuberkuloaze.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Communion with God (Omgong mei God)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- JohnOwen.org artikels oer Owen, list fan syn wurk (on-line ta jin foldwaan), ensfh.
- Several of Owen's works by de Christian Classics Ethereal Library
- Biografy en wurk by A Puritan's Mind
- Preken fan John Owen