John Honsinger
John Honsinger | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | John Honsinger | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18?? | |
berteplak | ûnbekend | |
stoarn | 4 augustus 1873 | |
stjerplak | oan 'e Yellowstone (Montana) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 18?? – 1873 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | luitenant | |
konflikt(en) | Yellowstone-ekspedysje |
John Honsinger (?, 18?? – oan 'e rivier de Yellowstone (Montana), 4 augustus 1873) wie in Amerikaansk militêr bistedokter fan etnysk Dútsk komôf. Hy waard bekend om't er yn 1873 ûnder de Yellowstone-ekspedysje deade waard troch it Hûnkpapa-opperhaad Rein-yn-'t-Gesicht.
Libben en stjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is ûnbekend wannear't of wêr't John Honsinger berne is. As bistedokter naam er tsjinst yn it Amerikaanske Leger, by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, wierskynlik doe't dy ienheid noch yn Fort Riley, yn Kansas, stasjonearre wie. Yn 1873 waard it rezjimint oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln, yn it tsjintwurdige Noard-Dakota. Datselde jiers naam Honsinger diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje, in militêre ekspedysje nei Montana, mei as doel om in gaadlike rûte te sykjen foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad by de rivier de Yellowstone lâns.
Op 4 augustus 1873 bejoech Honsinger him oan 'e igge fan 'e Yellowstone, yn 'e neite fan it hjoeddeistige Miles City, mei twa soldaten en in hynstefersoarger dy't fan Baliran hiet, te fier fan 'e haadmacht fan 'e ekspedysje. Hja waarden opmurken troch it Hûnkpapa-opperhaad Rein-yn-'t-Gesicht, dy't mei in pear krigers op ferkenning wie. Rein-yn-'t-Gesicht deade Honsinger, Baliran en ien fan 'e soldaten, wylst de twadde soldaat nauwerneed wist te ûntkommen. Neitiid fûn in militêr treffen tusken de 7e Kavalery en de Lakota plak, dat ta eare fan Honsinger de namme fan 'e Slach by Honsinger Bluff krige.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er weromkeard wie nei it Standing Rock Agintskip, waard Rein-yn-'t-Gesicht dêr yn 1874 foar de moard op Honsinger arrestearre troch luitenant Tom Custer, de broer fan George Armstrong Custer. Rein-yn-'t-Gesicht protestearre dat der gjin sprake fan moard wie, mar fan oarlochshannelings; der waard lykwols net nei him harke. Hy waard nei Fort Abraham Lincoln ta brocht, dêr't er yn it tichthûs smiten waard, mar nei ferrin fan tiid wist er te ûntsnappen (of waard er mooglik frijlitten troch Yndiaanske plysjeminsken dy't mei him sympatisearren).
Dêrnei flechte er nei it streamgebiet fan 'e Powderrivier, dêr't er him by yn 'e maityd fan 1876, nei it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch, by de oanwaaksende troep fan it Hûnkpapa-opperhaad Sittende Bolle joech. Dy simmers focht Rein-yn-'t-Gesicht mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de bruorren Custer mei fiif kompanjyen kavalery troch de Lakota en Noardlike Sjajinnen ynsletten en ferdylge waarden. Rein-yn-'t-Gesicht soe dêrby wraak nommen hawwe foar syn ûnrjochtlike finzenskip troch it Tom Custer it hert út it liif te snijen. Dy leginde, dy't fan in tige twifelich wierheidsgehalte is, waard letter ferivige yn it ferneamde epos The Revenge of Rain-in-the-Face, fan 'e Amerikaanske dichter Henry Wadsworth Longfellow.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |