Springe nei ynhâld

John Broughton

Ut Wikipedy
Portret fan Broughton, skildere yn 1983

John Broughton (berne yn 1952) is in Australyske amateurastronoom en keunstner. Hy is ien fan de meast produktive ûntdekkers fan lytse planeten yn de wrâld en wurdt troch it Minor Planet Center kreditearre foar mear as tûzen ûntdekkingen tusken 1997 en 2008. Syn waarnimmingen wurde dien yn it Reedy Creek Observatory, yn Queensland, Australië.

Yn 2002 krige Broughton as ien fan de fiif astronomen in "Gene Shoemaker NEO Grant" fan de Planetary Society om syn wurk oan asteroïden yn de buert fan de Ierde te stypjen. Mei it jild koe er in CCD-kamera keapje foar gebrûk op in 10" SCT en letter op in troch him ûntwurpen en boude 20 " f / 2.7 automatyske teleskoop, dy't op 10 april 2004 foar it earst yn aksje kaam.

De yn 1999 troch amateurastronoom Charles W. Juels ûntdutsen Asteroïde 24105 Broughton waard yn 2005 nei him ferneamd, en hy wûn letter in Australyske nasjonale ûnderskieding, de 2008 Page Medal.

Untdekkingen troch John Broughton (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]