Springe nei ynhâld

Asteroïde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lytse planeet)
Gruttes fan de earste tsien planetoïden (op nûmer) fergelike mei de diameter fan de Moanne.
Foto fan de planetoïde 253 Matilde, n 1997 makke troch de romtesonde Near. Mathilde is wat grutter as 50 km yn trochsneed.

Asteroïden, wêrfan't de grutteren wol planetoïden neamd wurde, binne stikken matearje yn ús sinnestelsel dy't har' krektas planeten yn in baan om de sinne bewege. Der binne wyls mear as 300.000 bekend. Fierwei de measte hawwe banen tusken de planeten Mars en Jupiter. De grutsten binne hast 1000 km grut, mar fierwei de measten binne sa lyts as stof. Dy lêsten binne mei in teleskoop net te sjen, mar se komme faak as fallende stjerren op ierde del. It materiaal liket faak op stien, mar soms is it izer- of nikkelhâldend en op grutte ôfstân fan de sinne binne der ek iisplanetoïden.

De earst ûntdekte planetoïde (1) Ceres waard in dwerchplaneet doe't de definysje feroare op 24 augustus 2006.

Fan de ierde ôf binne de measte planetoïden te lyts om mar mei in teleskoop details sjen te litten, it binne net mear as ljochtpuntsjes, sa't ek in stjer der útsjocht. Dat is grif ek de reden wêrom't se yn in oantal talen asteroïde neamd wurde.

In planetoïde wurdt ek lytse planeet of asteroïde neamd. De term asteroïde wurdt ornaris brûkt foar in groep lytse himellichems yn ús sinnestelsel dy't in omrinbaan hawwe om ús sinne. Asteroïde (Gryksk foar "op in stjer lykjend") wurd yn de Ingelske literatuer it faakst foar lytse planeten brûkt. De International Astronomical Union brûkt leaver lytse planeet. Guon talen, ek it Frysk, kieze planetoïde (Gryksk foar "op in planeet lykjend"). Yn oersettings komt asteroïde faak foar.

In 2006 hat de International Astronomical Union de term lyts sinnestelsellichem (small solar system body) ynfierd, dy't de measte hemellichems omfettet dy't eartiids as lytse planeten of kometen oantsjutten waarden. Tagelyk waard de term dwerchplaneet ynfierd wêryn de grutste lytse planeten en ek Pluto yndield waarden. Om dwerchplaneet neamd te wurden moat it himellichem swier genôch wêze om troch syn eigen swiertekrêft in rûne foarm oannomd te hawwen enn moa de omrinbaan om ús sinne wêze. As de massa sa grut is dat der gjin oare meatearje mear uis yn syn omrinbaan dan is sprake fan in planeet.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Asteroïden fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Minor Planet Center van de IAU (De gesachhawwende ynstânsje as it om planetoïden giet)
  • P. Brown, R. E. Spalding, D. O. ReVelle, E. Tagliaferri en S. P. Worden yn Nature 420, 21 novimber 2002, siden 294-296