John Bauer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Selsportret (1908)

John Bauer (Jönköping, 4 juny 1882 - Vättermar, 20 novimber 1918) wie in Sweedske yllustrator en skilder. Hy is yn't foarste plak bekend om syn yllustraasjes fan mearkes, mar hy hat ek portretten makke.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Bauer waard berne en opbrocht yn Jönköping. Hy wie in soan fan winkelman Josef Bauer, dy't fan Beiersk komôf wie, en Emma Charlotta Wadell, dy't út in boerelaach fan Rogberga, krekt bûten Jönköping, kaam. Hy hie twa bruorren en in suster.

Bauer wie al jong dwaande mei tekenjen en sketsen. Doe't er 16 wie gie er nei Stokholm om dêr keunst te studearjen. Twa jier letter soe er oan de Keninklike Sweedske Akademy foar Skiene Keunsten studearje. Bauers iere wurk waard tige beynfloede troch Carl Larsson en Albert Engström, twa wichtige Sweedske keunstners út syn tiid.

Yn 1906 boaske er oan Ester Ellqvist, dy't er moete hie op de akademy. Tegearre makken se in jier lang in stúdzjereis troch Súd-Dútslân en Italië. Fral it wurk fan de iere renêssânse yn Italië hie letter grutte ynfloed op syn wurk. Syn frou Ester soe faak model stien hawwe foar de yllustraasjes mei in mearkesprinsesse. Ek de ôfbylden mei midsiuwske madonna's en frouljusfigueren út de renêssânse dy't er op syn stúdzjereis sjoen hie wiene in ynspiraasjeboarne.

Tusken 1907 en 1915 yllustrearre John Bauer mearkes yn Bland tomtar och troll ("Under elfen en trollen", in boek dat alle jierren mei Kryst publisearre waard. Dêrmei waard er de meast favorite Sweedske mearkeyllustrator. Teffens wie Bauer dwaande mei it skilderjen fan fresko's en it skriuwen fan libretto's en toanielstikken op basis fan mearkes foar bern.

Doe't er 35 jier wie ferdronk er mei syn frou en in soantsje fan trije op de Vättermar, doe't de fearboat Per Brahe dêr't se op sieten te sink gie.

Persoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bauer twifele altyd oan himsels, mar brocht dat net nei bûten. At er priiszge waard om syn ôfbylden fan trollen en prinsessen beskôge er dat as 'in skouderklopke foar it meitsjen fan grappige plaatsjes foar bern'. Hy woe oaljeferven meitsje sa't er sei 'echte keunst' meitsje, mar he koe net sûnder it jild dat er barde mei syn yllustraasjes. Yn it publike libben wie er lykwols wis yn syn dwaan en syn selsportretten litte in sterke-, mar tagelyk ek selskritysk persoan sjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: