Johan Verstolk van Soelen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johannes Gijsbert Verstolk van Soelen
Kastiel Soelen

Johan Gijsbert Verstolk van Soelen, ek wol Jan Gijsbert Baron Verstolck van Soelen (Rotterdam, 16 maart 1776 - Zoelen, 3 novimber 1845) wie in jurist.

Yn 1795 gie er nei it bûtenlân, studearre rjocht en steatswittenskippen yn Göttingen en Kiel en reizge yn Noard-Jeropa en wenne in skoft yn Ingelân. Kaam yn 1802 (Frede fan Amiens) werom, waard lid fan Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân (1805), yn 1810 lândrost fan Gelderlân.

Nei de ynliving (13 desimber 1810) waard er préfet fan it departemint Frise (baron de L'Empire). Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer, fan 1807 - 1810 lândrost fan Fryslân, gie doe nei Gelderlân. Syn rapport oer Fryslân en de Friezen is noch fan belang. By de yntocht fan de Kozakken yn Fryslân (18 novimber 1813) wie hy siik en lei syn funksje del. Nei koarte finzenskip kaam hy op foarspraak fan de Friezen frij. Letter gesant yn tsjinst fan kening Willem I.

Droech foar Fryslân by oan in bettere regeling fan de lege ferfeanting. Nei de grutte wetterfloed fan 1825 waard hy belêste mei de ferdieling fan de bydragen yn Fryslân. Minister fan Bûtenlânske saken (1825 - 1841)

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Stikken yn Recueil de pièces diplomatiques relatives aux affaires de la Hollande et de la Belgique de 1830 jusqu'en 1833, De Haach 1833, 3 dielen.
  • Katalogus fan syn samling skilderijen, tekeningen en koperplaten, Amsterdam 1847–51.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: