Jochen Rindt

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jochen Rindt
F1pictogram.png Formule 1
Jochen Rind (1970)
Jochen Rind (1970)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karl-Jochen Rindt
nasjonaliteit Flag of Germany.svg Dútsk
bertedatum 18 april 1942
berteplak Mainz
stjerdatum 5 septimber 1970
stjerplak Monza
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 1964 - 1970
Teams Rob Walker Racing (1964)
Cooper (1965–1967)
Brabham (1968)
Lotus (1969–1970)
Tal races 62 (60 starts)
Kampioenskippen 1 (1970)
Oerwinningen 6
Tal poadia 13
tal Polepositions 10

Karl-Jochen Rindt (Mainz, 18 april 1942 - Monza, 5 septimber 1970) wie earder Formule 1 koereur. Hy waard 25 oktober 1970 postúm wrâldkampioen Formule 1, goed twa moanne nei't er ferûngelokke wie tidens de training foar de Grutte Priis fan Itaalje. Rindt riid op in Eastenryske lisensje ûndanks dat er de Dútske nasjonaliteit hie.

Jeugd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rindt waard berne yn it Dútske Mainz, mar groeide op yn Graz, Eastenryk by syn pake en beppe, trochdat syn âlden omkaam wiene by in bombardemint tidens de Twadde Wrâldkriich. hoewol syn pake keas foar it behâld fan it Dútske boargerskip fan Rindt, ried hy syn heule karriêre ûnder in Eastenrykske racelisinsje. Op 16 jierrige leeftiid keapet er in brommer en begjint mei syn freonen te brommer racen. Neit er klear wie mei skoalle begûn Rindt yn 1961 mei de autosport.

Jonge jieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn karriêre begûn yn 1961 op 't sirkwy fan Innsbruck-Kranebitten mei in privee Simca. Dêr ried er ek in minder kompetitive Formule Junior Cooper fan it Ecurie Vienne -team, Yn 1963 berikte hy it 19e plak. Nei 1964 makke Rindt de oerstap nei de Formule 1.

Formule 1[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1964[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1964 tekenet Rindt foar it team fan Rob Walker Racing Hy makket syn Formule 1 debút tidens de Grutte Priis fan Eastenryk. Hy hellet de finish net trochdat de stjoerkolom fan syn auto stikken giet. It bliuwt yn 1964 by ien Formule 1 wedstriid foar Rindt.

1965–1967[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1965 makket Rindt de oerstap nei Cooper Mar it seizoen ferint net al te bêst syn beste prestaasje is in fjirde plak by de Grutte Priis fan Dútslân Rindt beslút is seizoen op in trjetjinde plak yn it einklassemint mei fjouwer punten.

Yn 1966 behellet Rindt syn earste poadiumplak yn Belgje. Letter dat seizoen behellet er nog twa kear it poadium. Rindt wurdt yn 1966 tredde yn it einklassemint mei 22 punten.

1967 is in min jier is protte problemen mei de auto fan de alve wedstriden behellet Rindt mar twa kear de finish. Hy wurdt dan ek trettjinde yn it einklassemint mei seis punten.

1968[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1968 rydt Rindt foar Brabham mar dat wurdt gjin goed houlik. Ek hjir hellet er mar twa kear de finish, mar wol twa kear it poadium mei in tredde plak. Dat hy wurdt yn it einklassemint tolfde mei acht punten.

1969-1970[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it dramatyske seisoen by Brabham makket Rindt yn 1969 de oerstap nei Lotus. Hy behellet fjouwer kear de finish wêrfan twa kear in poadiumplak en wint de Grutte Priis fan de Feriene Steaten Rindt wurdt mei 22 punten fjirde yn it einklassemint.

1970 start nog mei in tretjinde plak yn Súd-Afrika, en in útfalbeurt yn Spanje, Mar fanôf de tredde wedstriid dy fan Monako wint Rindt praktysk alle wedstriden. Mar dan giet it yn Monza ferkeard. Rindt ferûngelokket tidens de training. Mar had saffolle punten behelle dat er op 25 oktober Postúm útroppen wurdt ta wrâldkampioen Formule 1.

De fleugels fan de Lotus siten lager as earder en dêr wiene de fangrails op it sirkwy fan Monza net op berekkene. Rindt riid foar de lêste bocht fan 'e baan, en syn auto bedarre der troch foar in grút part ûnder de fangrails. Rindt ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.