Joachim Loewenstam
Joachim Loewenstam of Löwenstamm (Rotterdam, 1782 – Ljouwert, 22 april 1836) wie opperrabbyn fan Ljouwert en it ressort Fryslân fan 1821 oant 1836.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jaochim waard berne as soan fan Arjeh Leib Breslau, opperrabbyn fan Rotterdam. Hy wurdt rabbyn yn Lissa (Poalen) en syn namme krige klank as Hebriuwsk dichter en skriuwer fan religieuze geskriften. Yn 1821 wurdt er opperrabbyn fan Ljouwert dêr’t de minsken him al rillegau graach meie.
Yn 1829 stiftet er de feriening Ohabe Thora, dy’t it bestudearjen fan de Hillige Skriften as doel hat. Teffens wie stichter fan it chewre Ohabe Thora (dy’t de Gemara bestudearje woe), dy’t oant nei de Twadde Wrâldkriich bestean bliuwe soe.
Nei syn ferstjerren yn 1836 is besocht om syn soan en broer yn syn plak beneamd te krijen, mar dat slagge net. Earst yn 1840 waard Baruch Bendit Dusnus beneamd as opperrabbyn.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|