Jill McLain
Appearance
Jill McLain | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jillian Christine McLain Korell | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1985 | |
berteplak | Havre (Montana) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurkpaad | ||
soarte model | fotomodel | |
jierren aktyf | 2000 – >2006 | |
titel(s) | Miss Montana 2006 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Jill McLain (folút: Jillian Christine McLain Korell; Havre (Montana), 1985) is in Amerikaansk model fan etnysk Skotsk komôf. Hja wie Miss Montana 2006.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]McLain waard yn 1985 berne yn it stedsje Havre, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hja begûn al jong mei te dwaan oan skientmewedstriden. Sa naam se yn 2001, 2002 en 2003 diel oan 'e Miss Montana Teen USA-wedstryd, wêrby't se de lêste beide jierren twa kear it trêde plak behelle. Yn septimber 2005 wûn McLain de Miss Montana-wedstryd, wêrnei't se dy titel in jier lang drage mocht. Yn 2006 fertsjintwurdige se Montana by de nasjonale Miss USA-ferkiezing, wêrby't se lykwols de finale net helle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |