Jelle Troelstra (skilder)
Jelle Troelstra (17 jannewaris 1891, Ljouwert - 16 jannewaris 1979, Amersfoart) wie in skilder yn 'e Bergenske Skoalle.
Jelle Troelstra wie de soan fan Sjoukje Bokma de Boer en Piter Jelles Troelstra, dat it fermidden dêr't er yn opwoeks wie ien fan sosjalisten en skriuwers. De swakke sûnens fan de mem en de politike druk dêr't de heit mei libbe brochten syn âlden der ta him doe't er tolve wie in pear jier op in djoere kostskoalle te dwaan, it Landerziehungensheim yn Ilsenburch yn it midden fan Dútslân.
Yn 1907 makke er de HBS ôf, mar gongen ek syn âlden útelkoar. Troelstra gong nei Genêve om muzyk te studearjen. Oant de Earste Wrâldkriich wie er dêrnei learaar yn Dresden, en dêrnei by de Humanitêre Skoalle yn Laren.
Yn Laren begûn er mei skilderjen. Nei ynternasjonale reizen kaam er yn 1923 by de Bergenske Skoalle. Hy boaske yn 1928 mei de sjongster en dûnseresse Tjac Romein, in skieden frou mei in dochter fan tolve, dêr't er ek mei spile. Hy koe lykwols net fan it skilderjen en de muzyk libje, dat bleau ek learaar.
Fan 1954 ôf wenne er yn Amersfoart, dêr't er yn 1979 ferstoarn is.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aukje Holtrop, Nynke van Hichtum, leven en wereld van Sjoukje Troelstra - Bokma de Boer 1860-1939, Amsterdam 2005, s. 437-500.
- Renée Smithuis, De Bergense School op reis, Woerden. 2007.
- Jelle Troelstra, Mijn vader Pieter Jelles, Amsterdam, 1952.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wurk fan Troelstra by Invaluable