Springe nei ynhâld

Jelle Dam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jelle Durks Dam)
Jelle Dam
persoanlike bysûnderheden
berop politikus, timmerman, sakeman
geslacht man
berne 2 maart 1857
berteplak Surhuzum
stoarn 15 febrewaris 1935
stjerplak Boelensloane
famylje
troud mei Neeltsje Veenstra[*]

Jelle Durks Dam, (Surhuzum, 2 maart 1857 - Boelensloane, 15 febrewaris 1935) wie in timmerman, oannimmer en sosjalistysk foaroanman.

Jelle Dam waard berne yn it diel fan De Harkema dat doe by Surhuzum hearde. Hy wie de soan fan Durk Dam en Hinke Pama en Jelle wie de jongste fan sân jonges. De húshâlding libbe yn in tiid fan grutte earmoede yn in spitkeet. Jelle moast al jong meihelpe by it flaaksbraken. Troch syn haadmaster Dykstra krige er de mooglikheid om troch te learen en nei de normaalskoalle yn Bûtenpost te gean. Hy hat de skoalle lykwols net ôfmakke omdat de bern him net as in gelikense akseptearje woenen. Yn 1884 troude er mei Neeltsje Veenstra dy't krektas hast alle heidsjers fan De Harkema net folle leard hie.

Jelle begûn as timmerman en wie sosjaal tige warber. Sa skreaun hy bygelyks in toanielstik oer it earmoedige libben op de heide. Trochdat er wat mear leard hie waard hy ek aktyf yn it "Bûn foar Algemien Kies- en Stimrjocht" en yn de Fryske Sosjalistyske Folkspartij, dêr't ek it SDB in rol yn spile en hat ek hiel lang aktyf west foar de SDAP

Ein 19e iuw ferfear Jelle Dam fan Surhústerfean nei de Parken yn De Pein. Mei syn soannen hat er dêr in eigen hûs setten. Nei lang siik west te hawwen stoar hy yn Boelensleane dêr't er ek begroeven leit. Yn it Iepenloftmuseum De Spitkeet wurdt ekstra omtinken jûn oan dizze sosjalistyske foarman.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: