Jeffrey Talan

Ut Wikipedy

Jeffrey Dennis Talan (Katwyk, 29 septimber 1971) is in eardere Nederlânske proffuotballer. Hy waard benammen brûkt as rjochtsbûten en waard ferneamd as fuotballer fan SK It Hearrenfean. Yn dy tiid kaam hy ek yn it Nederlânsk fuotbalalvetal, hy soe al mei al acht ynterlannen spylje en ien doelpunt yn Oranje meitsje.

Talan waard grut yn Katwyk, wêr’t hy ek op fuotbal kaam, by de jongerein fan VV Katwijk. Dêrnei gie hy foar FC Den Haach fuotbaljen. By dizze klup makke hy yn it seizoen 1990/1991 syn debút yn de Nederlânske Earedifyzje. Nei twa jier yn de Earedifyzje, wêryn Talan yn totaal 17 wedstriden spile, degradearre de klup, dy't doe ADO Den Haag hiet, nei de Earste difyzje. Dêr soe hy noch trije jier foar de klup út De Haach fuotbalje, wêrnei't hy nei SK It Hearrenfean gie.

By SK It Hearrenfean kaam Talan fuort yn de basis te stean, en út en troch makke hy in doelpunt as rjochteroanfaller. Talan hat yn syn tiid by It Hearrenfean in soad te krijen hân mei blessearings, mar hieltyd kaam hy werom yn de basis fan de ploech.

De prestaasjes fan Talan waarden sa goed dat hy op 10 oktober 1998 yn it Nederlânske alvetal kaam. Op dy dei makke hy syn debút ûnder trener Frank Rijkaard yn de freonskiplike wedstriid tsjin Perû, hy begûn yn de basis en spile de hiele wedstriid. Yn de tarieding nei it Jeropeesk Kampioenskip fan 2000 dat yn Nederlân en Belgje hâlden waard, spile hy fiif kear foar Oranje. Mar op it Jeropeesk Kampioenskip sels kaam hy net út, krekt foar it toernoai rekke syn knibbel skansearre. Nei it kampioenskip makke de nije bûnstrener, Louis van Gaal, noch trije kear gebrûk fan Talan yn de kwalifikaasje wedstriden foar it Wrâldkampioenskip. Talan hat ien doelpunt foar Oranje makke, dat barde yn de wedstriid tsjin Ierlân op 2 septimber 2000.

Yn it seizoen 2002/2003 stoppe Talan mei profesjoneel fuotbal. Hy hie yn de rin nei de ein fan syn karriêre hieltyd mear te krijen hân mei blessearings en it herstel waard minder. De lêste wedstriid dy't Talan spile wie op 22 septimber 2002 yn de útwedstriid tsjin Roda JC.

Op it stuit spilet Talan sealfuotbal by FFS út Vegelinsoard. Ek wurket hy as jeugdtrener fan SK It Hearrenfean.