Japanske tún
In Japanske tún (Kanji 日本庭園, nihon teien) is in tún yn tradisjoneel Japanske styl. Sy komme foar op partikuliere grûn, yn wenwiken, stedsparken, Boedistyske timpels en by yn it lânskip opfallende gebouwen sa as âlde kastielen.
Lânskipsarsjitekt Seyemon Kusumoto hat skreaun dat de Japanners by steat binne om "it bêste hânwurk fan de natuer yn in beheinde romte" stâl te jaan. Guon fan de meast bekende Japanske tunen yn it Westen, mar ek yn Japan sels, binne saneamde drûge tunen of rotstunen, karesansui. De tradysje fan de Teemasters hat in tige ferfine oare túnstyl opsmiten dy't in sfear fan plattelâns ienfâld opropt. Yn de Japanese kultuer wurdt túnkjen as in hege keunst beskôge, te fergelykjen mei keunsten sa as kalligrafy en inketskilderjen. Sûnt ein 19e iuw wurde Japanske tunen ek oanpast foar oanlis yn Westlike situaasjes.
De ûntjouwing fan Japanske tunen hat ynfloed ûndergien fan de klassike Sineeske tún.
De tradysje fan Japansk túnkjen waard fanâlds fan master (sensei) op learling oerdroegen. Tsjintwurdich wurdt dat ûnderrjocht oanfold troch ferskate fakskoallen. Lykwols seit Zōen yn de ynlieding fan syn boek oer túnoanlis út 1466: "At jo gjin mûnlinge oerdracht hân hawwe, moat jo gjin tunen meitsje"; en as lêste warskôget er: "Jo moatte dit geskrift net oan bûtensteanders sjen litte. Hâld it geheim".
Meast foarkommende plantesoarten yn de Japanske tún:
- Bamboe
- Japanske esdoarn
- Farens
- Ginkgo biloba (Japanske nútebeam)
- Azalea
- Rodendrum
- Kalmia
- Cornus
- Spirea
- Moassen
- Kamellia
Typyske eleminten fan in Japanske tún binne:
- Wetter
- In eilân
- In brêge nei it eilân
- In lantearne (meast fan stien)
- In (tee)hûs
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân:
- Yn it park Clingendael by De Haach
- Yn it Amstelpark yn Amsterdam
- Yn DierenPark Amersfoart
- Yn De Helder
- Yn Lelystêd sit de Tsubo-en tún, in moderne Zen of karesansui (drûge stien) tún, dêr't in soad foarm-snoei yn tapast wurdt.
- In lytse Japanske tún, de Entoshof, yn Rijssen.
Yn Belgje:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Japanese gardens fan Wikimedia Commons. |