Springe nei ynhâld

Japanske toefibis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Japanske toefibissen)
Japanske toefibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai Japanske toefibissen (Nipponia)
Reichenbach, 1853
soarte
Nipponia nippon
Temminck, 1835
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

     Eartiidske ferspriedingsgebiet.

De Japanske toefibis (Nipponia nippon) is in ibissoarte dy yn it easten fan Aazje foarkomt en hast útstoarn wie. Yn 'e jierren 1980 stie de fûgel mei in wylde populaasje fan noch mar in pear fûgels op 'e râne fan útstjerren. It is de iennige soarte fan it skaai Nipponia.

Nipponia nippon.

De fûgel is in likernôch 75 sm grutte, wite fûgel mei in spanwiidte fan 140 sm en hat in keale, reade kop mei in toefe fan wite plommen op 'e krún. De snaffel is swart en rint út op in reade punt. De poaten en de eagen binne read. Bûten de briedtiid binne de âldere fûgels wyt mei in swym fan oranje oant kanielkleur oan 'e sturt en wjukken. Japanske toefibissen wurde yn it wyld likernôch 16 jier.

It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel lei yn Japan, Sina, it Russyske Fiere Easten, Koreä en Taiwan. De fûgel stoar hast oeral út troch de jacht, de tapassing fan pestisiden en biotoopferlies. Yn 1981 waarden yn Japan de lêste fûgels fan 'e soarte fongen om dêrmei in fokprogramma op te setten. Offisjeel wie de fûgel yn Sina al útstoarn, mar yn itselde jier waard yn it distrikt Yang fan 'e Sineeske provinsje Shaanxi in lytse populaasje fan 7 fûgels op in gebiet fan in pear km² ûntdutsen.

Mei fokprogramma's is it slagge om de fûgel wer op 'e nij yn Japan en Súd-Koreä te ynstrodusearjen en hjoed-de-dei wurdt de wrâldpopulaasje wer op sa'n 11.000 fûgels rûsd.[1]

Yn Koreä wie de lêste wylde toefibis foar it lêst yn 1979 sjoen en yn Ruslân wie dat yn 1981.

De lêste wylde toefibis fan Japan wie it wyfke Kin, dy't yn oktober 2003 yn 'e âldens fan 36 jier yn finzenskip ferstoar. It programma om mei de Japanske populaasje de toefibissen te reyntrodusearjen wie mislearre, mar de troch Sina troffen beskermingsmaatregelen nei de werûntdekking fan 'e Sineeske populaasje wiene effektyf en Sina skonk tsjin 'e ein fan 'e jieren 1990 twa fûgels út it neiteam fan 'e 7 lêste wylde toefibissen oan Japan om op it eilân Sado in nije populaasje yn Japan te stiftsjen. Dêr wie ek it sintrum, dêr't de lêste, yn it wyld berne Japanske toefibis holden waard. It mantsje Youyou en it wyfke Yangyang soargen fuortendaliks foar aaien, dy't keunstmjittich útbret waarden en nei't mear fûgels fanút Sina nei Japan brocht waarden groeide de populaasje op Sado, sadat yn septimber 2008 it momint útbrutsen wie om de earste tsien toefibissen frij te litten. Foar it earst sûnt 27 jier fleagen yn Japan wer toefibissen. De frijlitten fûgels brochten yn 2012 wer piken grut. Yn jannewaris 2019 feroare Japan de status fan 'e fûgel fan 'útstoarn yn it wyld' nei 'earnstich bedrige'. De heryntroduksje fan 'e fûgel gie op it eilân lykas earder ek yn Sina mank mei in grut programma om it miljeu te ferbetterjen en it oantrunen fan 'e boeren om minder bestridingsmiddels te brûken.[2] Yn 2021 waarden yn Japan wer 650 toefibissen teld.

Ek Koreä hie in grutte populaasje toefibissen. Oan it begjin fan 'e 20e iuw waarden der wol kloften fan tûzenen fûgels teld, mar ek dêr ferdwûnen de fûgels yn heech tempo. Yn 1978 waarden der noch in pear fûgels ûntdutsen yn 'e demilitêrisearre sône tusken de Koreä's. Der wiene plannen om se te fangen en se nei it Japanske sintrum op Sado te bringen, mar foardat dy plannen útfierd wurde koene, wiene de fûgels ferdwûn. Ek yn Súd-Koreä waard in fokprogramma opset en yn 2019 binne dêr 40 fûgels frijlitten. Sûnt binne der mear groepen fûgels útset.[3] Yn 2021 waard bekend dat yn 'e sompelannen fan Upo dêr nei 42 jier wer jongen berne wiene.[4]

Yn Ruslân kaam de fûgel oan 'e Amoer en de Ussoeri om Vladivostok hinne foar. Sûnt de twadde helte fan 'e 19e iuw sette de delgong fan 'e Russyske populaasje yn en yn 1949 wie de fûgel om Chabarovsk hinne al folslein ferdwûn. Oan it begjin fan 'e jierren 1960 waarden de fûgels ek net mear om Vladivostok hinne sjoen. De lêste toefibis yn Ruslân waard yn 1981 oan 'e Ussoeri waarnommen.[5]

Groep toefibissen yn finzenskip.

De Sineeke Akademy fan Wittenskippen fierde tsjin 'e ein fan 'e jierren 1970 ûndersyk út nei mooglik noch besteande populaasjes fan toefibissen. Nei trije jier sykjen waarden yn 1981 yn 'e provinsje Shaanxi op in berchhelling twa briedpearkes mei trije piken ûntdutsen. Wat letter waarden noch in pear pearkes yn 'e omkriten ûntdutsen. De Sineeske oerheid liet fuortendaliks yn 'e krite in stasjon opsette en tagelyk waard it kappen fan beammen, it brûken fan sjitark en it brûken fan dong en pestisiden yn it gebiet ferbean. Yn it jier 1987 waarden 51 nêstbeammen ta steatseigendom ferklearre en ûnder strange beskerming steld. Under lieding fan 'e dieretún fan Peking slagge Sina der boppedat yn om in populaasje yn finzenis te fokken.[6] Yn july 2001 wie it tal Sineeske fûgels wer oant 155 wylde fûgels en 175 finzen fûgels groeid.[7]

De lêste waarnimmings fan 'e fûgels yn Tawain wiene healwei de 20e iuw.[8]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels libje op in hichte tusken 470 oant 1300 m yn sompige gebieten lykas rysfjilden, by marren en dobben of rivieren yn kombinaasje mei gebieten mei hege beammen, dêr't se rêste en harren nêsten bouwe. Se ite fiskjes, wjirms, kikkerts, slakken of ynsekten. De fûgels briede fan febrewaris oant juny en in nêst bestiet út 3-4 aaien. De ynkubaasjetiid is 28 dagen. Nei 2 oant 4 jier binne de fûgels folwoeksen om sels te brieden. Lechsels wurde bedrige troch rôffûgels, lytse marters en slangen.

Troch in strange beskerming, de fokprogramma's en it útsetten yn it wyld en it ferbetterjen fan it biotoop koe it tal fûgels yn in koarte tiid wer foars tanimme. De status is dêrom net mear 'krityk'. Om 't de genetyske gearstalling net divers en ek it biotoop noch net optimaal is, stiet de fûgel op 'e Reade list fan IUCN as 'bedrige' klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Crested ibis (ferzje 27 april 2024)