Jannes van Dijk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jannes van Dijk.
Registraasjeformulier fan Jannes van Dijk yn Dachau

Jannes Johannes Cornelis van Dijk (Ljouwert, 1 desimber 1871 - De Haach, 9 febrewaris 1954) wie in Nederlânske politikus.

Van Dijk folge in oplieding ta offisier en waard yn 1899 dosint militêr rjocht oan de Keninklike Militêre Akademy (KMA). Fan 1913-1921 wie er direkteur fan de topografyske ôfdieling fan it Ministearje fan Oarloch. Yn 1921 waard er Minister fan Oarloch en Minister fan Marine a.i. yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I. De funksje fan Minister fan Oarloch ferfolde er ek fan 1922-1925 yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck II. Nei syn perioade as minister wie er fan 1925-1937 lid fan de Twadde Keamer foar de ARP. Yn 1937-1939 wie Van Dijk opnij minister en wol minister fan Definsje yn it kabinet-Colijn IV en Colijn V.

Yn de earste periode fan syn ministerskip kaam yn 1922 in nije tsjinstplichtwet ta stân. Van Dijk wie in foarstanner fan de fersterking fan it Nederlânske definsjeapparaat. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Van Dijk gizeler yn Sint-Michielsgestel en waard hy û.o. yn it konsintraasjekamp Dachau ynternearre. Van Dijk wie ek auteur fan militêr-juridyske wurken lykas it yn 1904 útkommen Handboek van militair strafrecht en Wet op de Krijgstucht en in hantlieding foar offisieren oer de militêre rjochtspleging. Om syn fertsjinste as militêr jurist ferliende de Frije Universiteit him yn 1938 in earedoktoraat yn de rjochten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]