Jan Thomas Ferdinand Huguenin

Ut Wikipedy

Jan Thomas Ferdinand Huguenin (Kûbaard, 8 july 1829 - Havelte, 13 febrewaris 1875) wie in Nederlânske boargemaster.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huguenin wie in soan fan de predikant Jan Thomas Herman Huguenin en Elisabeth Catharina Maria Theresia Huber. Syn pake mei deselde namme, Jan Thomas Ferdinand Huguenin, wie in ynfanterykaptein en maire fan Sonnegea. Yn 1867 waard Huguenin beneamd ta sekretaris fan de gemeente Starum. Yn 1871 folge er yn dy gemeente boargemaster M.A. Jentink op dy't nei Boalsert gie. Noch gjin jier letter waard Huguenin beneamd ta boargemaster fan Havelte. Dy funksje soe er goed twa jier besette.
Hy stoar dêre yn febrewaris 1875 yn de âldens fan 45 jier.

Huguenin troude op 21 septimber 1863 yn Hattem mei Johanna Wijnanda Schmiedeman, dochter fan de yn 1846 ferstoarne wethâlder fan Hattem Johan Albert Schmiedeman en Alijda Catharina Theodora Aletta Le Cavelier.