Jan Stroosma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jan Stroosma (Ljouwert, 16 novimber 1928 - dêre, 1983) wie in Frysk grafikus, byldhouwer, fotograaf en keunstskilder

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Stroosma wenne en arbeide oant 1956 yn syn bertestêd, dêr't er begjin jierren '50 syn earste atelier op it adres Zuidvliet 261 hie. Fan 1957 oant 1961 hâlde er ta yn Amsterdam dêr't er studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten. Dêrnei wenne en wurke er yn Ljouwert, dêr't er 1962 yn in atelier luts oan de Kruisstraat 25, dat er oant syn hommels ferstjerren yn 1983 brûkt hat.

Om troch de tiid te kommen, joech Stroosma les oan de keunstakademys Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en letter ek oan Akademy Minerva te Grins. Dêrmei kocht er, sa't er sels sei, in part fan syn frijheid.

Museums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frysk Skipfeart Museum hat twa etsen en in houtskoaltekening fan Skûtsjes fan Jan Stroosma.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]