Springe nei ynhâld

Jan Rijpstra

Ut Wikipedy
Jan Rijpstra (2023)

Johannes (Jan) Rijpstra (Gouda, 15 july 1955) is in Nederlânsk politikus en bestjoerder.

Rijpstra folge oant 1975 it ateneum oan it Meander Kolleezje fan no yn Swol en besocht de Akadeemje foar Lichaamlike Opfieding yn Grins. Hy siet fan 1988 oant 1990 foar de VVD yn de gemeenteried fan Grins.

Yn 1994 wied er lid fan de ried fan Meppel. Dat jier stapte er oer nei de Twadde Keamer dêr't er dwaande wie mei ûnderwiis, kultuer, wittenskippen, folkssûnens, wolwêzen en sport. Teffens siet er by it Presidium fan de Keamer en wie er fraksjesekretaris. Ek saken dy't de Nederlânske Antillen en Arûba oanbelangen behearden ta syn portefúlje.

Op 15 april 2005 waard Rijpstra boargemaster fan de gemeente Tynaarlo. In jier earder waard er foarsitter fan de Nederlânske honk- en softbalbûn (KNBSB); hy folge dêr Henk van Hoof op.

Op 26 april 2005 rekke er yn opspraak om't er yn in ynterview melde noch efkes, om krekt te wêzen oant syn fyftichste jierdei, it keamerlidmaatskip en boargemasterwêzen kombinearje te wollen, om sadwaande in hege wachtjild-regeling feilich te stellen. In part fan de gemeenteried fûn dat er dat earder dwaan moatten hie. Mei yngong fan 1 augustus 2005 wie er gjin keamerlid mear.

Febrewaris 2007 waard er foarsitter fan basketbalklup MPC Capitals. Hy wie ûnder mear fan doel om fan MPC Capitals in Europeeske topklup te meitsjen, mar de klup krige jildkrapte en behelle gjin oansprekkende resultaten.

Op 15 maaie 2008 joech er syn boargemastersamt fan Tynaarlo oer omdat er him in Switserlân nei wenjen sette. Yn desimber 2009 folge er Gert van Driel op as foarsitter fan de Keninklike Feriening foar Lichaamlike Opfieding (KVLO). Fan 16 desimber 2014 oant 31 desimber 2018 wied er boargemaster fan de gemeente Noardwyk. Yn ferbân mei de gemeentlike weryndieling per 1 jannewaris 2019 kaam der in ein oan dat amt fan dy gemeente.

De gemeenteried fan Smellingerlân hat Rijpstra op 14 febrewaris 2019 foerdroegen as boargemaster en op 27 maart folge de beëdiging yn dy gemeente.

  • Johannes Rijpstra (1889-1944), boargemaster (Zelhem) (pake)
  • Hedzer Rijpstra (1919-2011), boargemaster (Smilde, Terneuzen, Almelo) en kommissaris fan de keningin yn Fryslân (omke)

Rijpstra kin it Frysk aardich ferstean, mar hy hat oankundige dat er mei syn frou Caro van Dijk in kursus Frysk folgje sil. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Portret Jan Rijpstra, Drachtster Krante, 27 maart 2019