Jan Kuiler

Ut Wikipedy
Earder hearehûs (no kantoar) op de súdhoeke fan de Hearewei en de Anna Paulownastrjitte yn Grins
De Oosterkerk (1927-1929) yn Grins (2009)
Dûbel lânhûs (1931) yn Grins (2010)

Jan Kuiler (Utert, 22 maart 1883 - Amsterdam, 2 augustus 1952), yn fakliteratuer meast J. Kuiler neamd, wie in Nederlânsk arsjitekt.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kuiler wie foaral aktyf yn it noarden fan it lân, meast tegearre mei syn fakgenoat Lucas Drewes (1870-1969), mei wa't er yn Grins fan 1916 ôf oan it arsjitekteburo Kuiler en Drewes hie. Tegearre ûntwurpen se in soad filla's, bûtenpleatsen, fabriken en tsjerken, lykas de Oosterkerk yn Grins. Ek it Puddingfabryk dêre is fan harren hân. Ferskate bouwurken fan Kuiler en Drewes binne oanwiisd as ryks- of gemeentlik monumint.

Jan Kuiler wie in soan fan de Utertske arsjitekt M.E. Kuiler (1859-1937). Ek syn neef J.E.K. Kuiler (1883-1957) wie arsjitekt.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1898: Grifformearde tsjerke, Sauwerd [1]
  • 1913: Hearehûs oan de Hearewei yn Grins (sûnder L. Drewes) [2]
  • 1913: Filla oan de Rijksstraatweg, Haren [3][4]
  • 1914: Foarhûs fan fillapleats Groot Hoijsum, Warffum (sûnder L. Drewes)
  • 1917: Grientekonservefabryk Hunsingo, Winsum [5]
  • 1920: Noorderkerk, Grins [6]
  • 1921: Went oan de Weg voor de Jagerskampen, Haren [7]
  • 1922: Filla De Jagerskampen, Haren (yn 1931 ferboud, opnij troch Kuiler & Drewes) [8]
  • 1923: Odd Fellowhuis, Grins [9]
  • 1923-1924: Bankgebou oan de Vismarkt, Grins [10]
  • 1927-1929: Oosterkerk, Grins [11]
  • 1930: Filla oan de Terborgsteeg, Haren [12]
  • 1930: Filla oan de Westerse Drift, Haren [13]
  • 1931: Dûbel lânhûs oan de Hondsruglaan/Quintuslaan, Grins [14]
  • 1931: Puddingfabriek A.J. Polak, Grins
  • 1931: Earder Joadsk bejaardehûs Beth Zekenim, Grins [15]
  • 1931: Filla De Dobbe, Haren [16]
  • 1931: Filla Lindenhof, Haren [17]
  • 1936: Filla oan de Dilgtweg, Haren [18]
  • 1950: Herfoarme tsjerke, Wapenveld [19]
  • 1952: Immanuëltsjerke, Capelle aan den IJssel [20]
  • 1954: Grifformearde tsjerke, Houwersyl [21]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Historische Kring Ubbega - Het Groninger Orgelbezit van Adorp tot Zijldijk (Kerkstraat 12, Sauwerd)
  2. CWK Gemeente Groningen, object 101099 (gemeentlik monumint, Hereweg 114, Grins)
  3. (Rijksstraatweg 290, Haren)
  4. Havik, Ir. P.W. (1999) Bouwkunst in Haren. Rijksmonumenten in de gemeente Haren. Harener historische reeks (12). Haren: Boomker & Savenije. ISBN 90 71809 50 1
    It pân is yn 1925 ferboud, ek neffens in plan fan Kuiler en Drewes.
  5. Informatiebulletin Historische Vereniging Winsum, 11de jiergong, nr 2, novimber 2006 - Groentenconservenfabriek Hunsingo (Trekweg, Winsum)
  6. Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Akkerstraat 28, Grins)
  7. RCE - Rijksmonument 513863 (Weg voor de Jagerskampen 3, Haren)
  8. RCE - Rijksmonument 513852 (Weg voor de Jagerskampen 30, Haren)
  9. RCE - Rijksmonument 513847 (W.A. Scholtenstraat 21, Groningen)
  10. RCE - Rijksmonument 486673 (Vismarkt 54-54a, Grins)
  11. RCE - Rijksmonument 483654 (S.S. Rosensteinlaan 22-23, Grins)
  12. RCE - Rijksmonument 513851 (Terborgsteeg 4, Haren)
  13. RCE - Rijksmonument 513849 (Westerse Drift 95, Haren)
  14. RCE - Rijksmonument 484251 (Hondsruglaan 21/Quintuslaan 15, Grins)
  15. CWK Gemeente Grins, objekt 103240 (gemeentelijk monument, Schoolholm 26-28, Groningen)
  16. RCE - Rijksmonument 513847 (Ryksstrjitwei 381, Haren)
  17. RCE - Rijksmonument 513850 (Julianaleane 11, Haren)
  18. RCE - Rijksmonument 513847 (Dilgtweg 6, Haren)
  19. Orgelcommissie Wapenveld - Aankoop orgel (Kwartelweg 9, Wapenveld)
  20. Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Fresiastraat 2, Kapelle oan de Isel)
  21. Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Hoofdstraat 1b, Houwersyl)