Springe nei ynhâld

Jan J. Bijlsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan J. Bylsma)
Jan J. Bijlsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Johan Bijlsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 novimber 1931
berteplak Ljouwert
stoarn 27 jannewaris 2021
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Poëzy
prizen Rely Jorritsmapriis (1967)

Jan J(ohan) Bijlsma (Ljouwert, 23 novimber 1931 - It Hearrenfean, 27 jannewaris 2021) wie in Frysk ûnderwizer, learaar en skriuwer/dichter.

Bijlsma hat yn Ljouwert it Stedsgymnasium ôfrûn en dêrnei oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersoplieding folge. Hy wie ûnderwizer yn Sleat, Balk en Grou. Sûnt 1958 wie er learaar Nederlânsk oan de RSG op It Hearrenfean en redakteur fan it literêre moanneblêd De Strikel fan 1967 oant 1978. Kaam mei it idee om it ‘Skriuwersalmanak’ om te bouwen ta in kalinder en de ynstjoerders in tema foar te lizzen.

As dichter is er in skerp waarnimmer fan oarmans eigenaardichheden, mar hy sparret himsels de krityk ek net. Letter wurdt er wat mylder. Relativearringsfermogen, gefoel foar humor en irony binne de wapens dêr’t Jan J. Bijlsma syn emosjonaliteit en meilydsumens mei de baas bliuwt. Njonken persoanlike fersen is Jan J. Bijlsma ek de dichter fan guon kabaretfersen, dy’t troch Rients Gratama bekend wurden binne (bg. ‘Dit Lân’).
As skriuwer fan syn iennichste roman It Fersin set er it artistike muzikantelibben foar it selsfoldiene oer, sabeare keunstsinnige fan in Fryske skriuwer mei in literêr tydskrift as Poadium. Hy ken beide út eigen ûnderfining.
It tegearre skriuwen fan de detektives út de ‘Benedictus-rige’ mei Anne Hellinga wie nij yn de Fryske literatuer.

Bijlsma stoar yn jannewaris 2021 yn de âldens fan 89 jier.

  • Striptease (1967)
  • Altyd like fleurich (1971)
  • Jan Krukje en syn maten 1976)
  • As wie der neat te rêdden (1979)
  • Machtich as de miggen (1984)
  • Lyts mar krigel (1992)
  • It Fersin (1968)

Detektives (tegearre mei Anne Hellinga)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Moard op ’e Himrik (1973-1974)
  • Moard mei muzyk (1974)
  • Benedictus pakt troch (1975)
  • Myn moaiste fersetsje : Reimer van Tuinen en De Strikel (gearstaller, mei oaren, 2006)