Jan Hettinga
Jan Hettinga (1939) wie sjoernalist, meiwurker fan de Feriening Lytse Doarpen, oprjochter fan it kabaretselskip Samar en FNP-wethâlder.
Nei it gymnasium yn Eindhoven en stúdzje oan de hegere Boskbou- en Kultuertechnyske skoalletúnbouskoalle yn Arnhim waard er redakteur fan it lânbouwykblêd fan de Fryske CBTB. Fan 1980 oant 1994 wie er de earste meiwurker fan de Feriening Lytse Doarpen. Dêrnei wie Hettinga 8 jier de earste FNP-wethâlder fan Skarsterlân.
Yn syn jeugd die er al oan teater by de roomske plattelânsjongeren (KPJ) yn Boalsert. Yn 1965 wie hy oprjochter en tekstskriuwer fan it amateurkabaretselskip Samar yn Aldehaske. Yn syn pleatske yn Aldehaske waard it Fladdeteater makke. ‘Samar’ fersoarge tusken 1966 en 1994 mear as 800 optredens rûnom yn Fryslân, foar Fryske Kriten om utens en fansels yn eigen teater. Nei 1994 hat Samar mei ekstra muzikanten noch 2 CD’s makke en mei dy ploech ek wer optreden oan 2002 ta.