Jan Giro
Jan Giro, echte namme Jan Smedinga, (Ljouwert, 24 desimber 1955 - dêre, 29 novimber 2005)[1] wie in rock'-'n-rollartyst, in leginde yn it Ljouwerter nacht- en kroechlibben.
Hy wie de Nachtboargemaster fan Ljouwert mar wie ek in blues en rock-‘n-roll muzikant yn ieren en sinen. De namme Jan Giro hie er krigen om’t er in skoftsje by de Post- en Girobank wurke. Hy song, spile gitaar en piano en waard foaral beynfloede troch de muzyk fan Elvis Presley en Jerry Lee Lewis. Yn de jierren santchich spile er mei Johnny and the Rebels. Yn juny 2001 brocht er in cd út Rock and Roll in your veins mei lieten sa as Lonesome, When the blues goes around en Baby got me rollin. Hy spile ek mei Jan Akkerman, Harry “Cuby” Muskee en de band Normaal.
Smedinga wie ek ferneamd yn it Ljouwerter kroechlibben troch syn freonlikens (neffens de ferhalen hie er foar eltsenien wol in praatsje), syn humor en syn rojale bierkonsumpsje.
Jan Giro stoar yn de âldens fan 49 jier.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Minne Velstra, Rock & Roll in your veins (mei kompaktskiif), 2019
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |