Springe nei ynhâld

Jan Burgerhuys

Ut Wikipedy

Jan Burgerhuys (Middelburch? - Middelburch, 1617) wie in Nederlânsk brûnsjitter.

Hy wie ynearsten yn tsjinst by de Middelburchske stedsklokkejitter Hindrik fan Trier (in alle gefallen yn 1592), dêr't er yn Aken mei yn 'e kunde kaam en dêr't syn soan Michiel berne waard. Evert Burgerhuys, soan fan Jan, wurke mei syn heit yn it bedriuw. Der binne noch sa'n tweintuch wurkstikken fan him bekend, ferspraat oer it hiele lân, mortieren, kartouwen, bellen, fizels en liedklokken. Syn klokken foar de Grutte Tsjerke yn Swol waarden yn 1669 troch brân fernield.
Neffens it register fan it gemeente-argyf 1613 waard foar him yn syn went in loads boud faaks mei stipe fan it gemeentebestjoer, ek in bewiis dat er genôch wurk hie. By syn dea liet er 500 gûne foar elts fan syn bern nei.

Jan Burgerhuys waard op 9 novimber 1617 beïerdige yn de Alde Tsjerke yn Middelburch. It bedriuw waard oernaam troch soan Michiel Burgerhuys. Jan Burgerhuys geat: kartouwelen, doarbellen en in protte tsjerkeklokken, ûnder oaren dy yn Cadzand (1611), Ritthem (1613), Teroele yn Fryslân (1614) en Bendochy Church yn Perthshire, Skotlân (1608).

  • Unger, Het klokkengietersgeslacht Burgerhuys in Archief v.h. Zeeuwsch Genootsch. (Middelburch 1926); Voorloopige lijst der nederl. monumenten van gesch. en kunst VI (Utert 1922)
  • Brandts Buys, Lijst van nederl. klokkengieters met enkele bijzonderh. yn Archief Zeeuwsch Genootsch. VII-VIII.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: