James Bruce

Ut Wikipedy
James Bruce
De reisrûte fan Bruce

James Bruce (Kinnaird House, 14 desimber 1730-27 april 1794) wie in Skotsk ûntdekkingsreizger dy't yn Etioopje socht om de boarnen fan de Nyl.

Bruce, in man út in âld Skotsk laach, studearre rjochten yn Edinboarch. Hy boaske mei 24 jier, mar syn frou ferstoar 9 moanne letter al. Dêrnei reizge er in soad, troch Spanje, learde ûnder oaren Arabysk, Amhaarsk en Ge'ez, wie konsul-generaal yn Algiers, en reizge fierders troch Noard-Afrika en it Midden-Easten. Fierders wie er geograaf, astronoom, skiedkundige, botanikus, ornitolooch en kartograaf. Medisinen hie er ek noch ferstân fan.

Betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bruce seach himsels as de ûntdekker fan de boarnen fan de Nyl, mar dêr wurdt hjoed-de-dei oars oer tocht. Wat hy ûntduts wie de boarne fan de Blauwe Nyl. Yn Khartoem komt lykwols de Wite Nyl dêr by en dy is dúdlik grutter, en it is dêrom ek de oarsprong fan de lêste dy't as de 'boarne fan de Nyl' beskôge wurdt. Boppedat wie Bruce net de earste Jeropeaan dy't dy boarnen fûn. De Spaanske Jezuïet Pedro Paez hie dat al yn 1618 dien. Wol waard de kennis oer Etioopje yn Jeropa folle grutter troch Bruce syn wurk, en by de tiid brocht.

Reisferslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Travels to Discover the Source of the Nile, In the Years 1768, 1769, 1770, 1771, 1772 and 1773 (1790)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • James Boswell (1774), "Some Account of the Very Extraordinary Travels of the Celebrated Mr. Bruce". London Magazine, 43 (augustus–septimber 1774), 388-91, 429-31. Fannijs printe yn Facts and Inventions: Selections from the Journalism of James Boswell, ed. Paul Tankard. New Haven: Yale University Press, 2014; pp. 45–57.
  • Majoar (letter Sir) Francis Bond Head (1830), The Life of Bruce, the African traveller, Londen.
  • Sir Robert Lambert Playfair (1877), Travels in the Footsteps of Bruce in Algeria and Tunis. Londen: Kegan Paul. Mei in kar út syn tekeningen.
  • J. M. Reid (1968), Traveller Extraordinary: The Life of James Bruce of Kinnaird New York, Norton.
  • Miles Bredin (2001) The Pale Abyssinian: a life of James Bruce, African explorer and adventurer, Flamingo.