Springe nei ynhâld

Jakobisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakobitisme)
It monumint foar de Stuart-kenings yn ballingskip, yn it Fatikaan.

It jakobisme of jakobitisme wie in politike beweging yn Grut-Brittanje en Ierlân dy't ûntstie nei't kening Jakobus II en VII fan Ingelân, Ierlân en Skotlân yn 1688-1689 by de saneamde Glorieuze Revoúsje fanwegen roomske sympatyen fan 'e troan staat waard troch syn dochter Maria II en har Nederlânske man (en folle neef) Willem III fan Oranje-Nassau. De oanhingers fan it jakobisme, de jakobiten, woene dy ûntwikkeling weromdraaie en Jakobus en letter syn erfgenamten wer op 'e troan helpe. Dit skeel feroarsake tusken 1688 en 1745 trije grutte opstannen en ferskate lytsere wapene konfontaasjes yn 'e Britske Eilannen. It symboal fan it jakobisme wie (en is) in wite kokarde. Noch altyd wurdt yn beskate fermiddens White Rose Day fierd, op 10 juny, de bertedei fan 'e Alde Pretendint yn 1688.

Jakobityske pretendinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jakobityske pretendinten foar de Ingelske (en Ierske) en Skotske troanen wiene:

Nei it ferstjerren fan Hindrik giene de jakobityske oanspraken op 'e Britske troan oer op oare roomske famyljeleden, dy't troch de Britske Act of Settlement, út 1701, fan troansopfolging útsletten wiene yn it foardiel fan 'e protestantske karfoarsten fan Hannover. Dêrby gie it om it Hûs fan Savoaye (1807-1840), dêrnei de Modeneeske tûke fan it Hûs Habsburch-Loataringen (1840-1919) en einlings it Hûs Wittelsbach (1919 oant no). Frâns fan Wittelsbach, hartoch fan Beieren is de hjoeddeiske (2015) jakobityske pretendint foar de Britske troan.

Guon jakobiten wiene prinsipiële monargisten, dy't de bemuoienis fan it parlemint mei de troansopfolging as yllegaal beskôgen. Oaren wiene roomsen, dy't hopen dat de Stuarts, dy't sels roomsk wiene, de ûnderdrukking fan harren leauwensmienskip yn Grut-Brittanje en Ierlân opheffe soene. Yn Skotlân rekke it jakobisme boppedat ferfrissele mei in iere foarm fan nasjonalisme en mei de lêste stûpen fan it klansysteem.

"De Jakobiten, 1745", in skilderij mei in romantisearre foarstelling fan in pear jakobiten, troch John Pettie.

Jakobityske bolwurken wiene fral te finen yn 'e Skotske Heechlannen en it noardeastlike part fan it Skotske leechlân, en fierders yn Ierlân en noardlik Ingelân (benammen yn Noardumberlân en Lancashire). Ek yn Wales en it Ingelske Westlân (Devon, Cornwall ensfh.) bestie in protte sympaty foar de jakobityske saak. De Skotske Heechlannen waarden lykwols troch de jakobityske oanhing ûnder grutte klibers folk dy't op in klútsje wennen, de flugge mobilisaasje dy't mooglik makke waard troch de klanorganisaasje, en de ôfhandichheid fan it gebiet yn in úthoeke fan Grut-Brittanje ta it natuerlike begjinpunt fan eltse jakobityske opstân makke.

Jakobityske opstannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste fan dy jakobityske opstannen, as dy al mei dy namme oantsjut wurde kin, fûn plak yn 1689, fuort nei de Glorieuze Revolúsje, doe't John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve Dundee, dy't doedestiden de offisjele befelhawwer fan it Skotske leger wie, in striidmacht mobilisearre om Skotlân foar Jakobus VII te behâlden en de út Ingelân optsjende willemityske legers op te kearen. Behalven reguliere troepen makke er dêrby gebrûk fan in grut tal leden fan 'e Heechlânske klans, dy't de namme hiene fûleindige fjochters te wêzen (mei't se al sûnt de Midsiuwen allegeduerigen ûnderling deilis wiene). Hoewol't Bonnie Dundee, sa't er neitiid neamd waard, yn 'e Slach by Killiecrankie in grutte oerwinning behelle, sneuvele er sels op it slachfjild, wêrnei't syn leger as snie foar de sinne fuortteide en Skotlân foar de jakobityske saak ferlern gie.

Nei't Skotlân yn 1707 syn ûnôfhinklikheid kwytrekke wie en nei't yn 1714 de Dútske karfoarst fan Hannover as George I op 'e Britske troan kommen wie, fûn der yn 1715 in nije jakobityske opstân plak, dy't yn Skotlân bekend kaam te stean as the Fifteen. Dêrby brocht John Erskine, greve fan Marr de klans gear om tsjin it nije Hannoveraanske bewâld te striden, mar syn legerke waard yn 'e Slach by Sheriffmuir ferslein, wêrnei't Marr de lêste santjin jier fan syn libben as balling yn Frankryk trochbrocht.

De Slach by Culloden, yn 1746, op in skilderij fan David Morier.

De meast ferneamde jakobityske opstân, the Forty-Five, fûn plak yn 1745, doe't de Jonge Pretendint Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, op 'e Skotske kust lâne en de Heechlânske klans oprôp ta rebûlje, en in grut diel fan 'e klans gehoar joech oan dy oprop. Hoewol't dizze opstân begûn sûnder ienige foarm fan tarieding, hiene de jakobiten diskear it elemint fan 'e ferrassing oan har kant, en boppedat wiene de measte Britske troepen op it fêstelân fan Jeropa behelle yn 'e Eastenrykske Súksesjeoarloch. Nei in flugge oerwinning yn 'e Slach by Prestonpans wisten de jakobiten grutte parten fan Skotlân, mei dêrûnder de haadstêd Edinburch, yn 'e hannen te krijen. Dêrnei begûn prins Karel mei syn Heechlânske leger oan in opmars troch Ingelân, mar wat fierder oft de Skotten fan har heitelân ôf rekken, wat minder oft it har noaske en wat mear oft desertearren. Likegoed wisten de jakobiten Derby, yn súdlik Ingelân, te berikken foar't se tsjinkeard wurde koene troch guon mei tûzen hasten fan it kontinint weromhelle Ingelske troepen. In weromtocht wie doe net oan te ûntkommen, en prins Karel moast him mei syn leger weromlûke yn 'e Skotske Heechlannen, dêr't lykwols nije troepen wûn wurde koene. De opstân einige op 't lêst yn 'e klimaktyske Slach by Culloden, dêr't de moed fan 'e Heechlânske klans op 16 april 1746 smoard waard yn it boalderjen fan Ingelske kanonnen.

Karel Edwert Stuart doarme neitiid in simmer lang troch de Heechlannen en de Hebriden fan skûlplak nei skûlplak, oant er úteinlik ûntkomme koe nei Frankryk, dêr't er oant syn dea yn 1788 neat mear út 'e wei sette. Underwilens krige Skotlân nei ôfrin fan 'e opstân slim te lijen fan Ingelske ûnderdrukking. It Britske leger hold plonderjend en brânskattend hûs yn it lân en 120 fan 'e jakobityske lieders krigen de deastraf, wylst mear as 1.100 oaren fan hûs en hiem ferballe waarden nei de koloanjes. It dragen fan 'e kilt waard oant 1782 by wet ferbean, en de befolking fan 'e Heechlannen en de Hebriden waard fierder troffen troch in miltêre besetting dy't noch jierren oanhold en bytiden de foarm fan in wier skrikbewâld oannaam, mei slachtpartijen wêrby't sels froulju en bern net ûntsjoen waarden. Hiele klans waarden soms fan har foarâlderlik wengebiet ferdreaun, yn in proses dat tsjintwurdich sûnder mis as in etnyske suvering beskôge wurde soe. De opstân fan 1745 wie in ramp dy't it klanwêzen yn Skotlân nea wer te boppe komme soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.