Jakob van Hoddis
Jakob van Hoddis | ||
skriuwer | ||
Jakob van Hoddis | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hans Davidsohn | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 16 maaie 1887 | |
berteplak | Berlyn | |
stoarn | 1942 | |
stjerplak | Kamp Sobibór | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
streaming | ekspresjonisme | |
bekendste wurk(en) |
Weltende |
Jakob van Hoddis, echte namme Hans Davidsohn, (Berlyn, 16 maaie 1887 - Sobibór, 1942) wie in Dútsk-Joadsk ekspresjonisyske dichter.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de middelbere skoalle studearre Jakob van Hoddis arsjitektuer yn München, Gryksk en filosofy yn Jena en Berlyn. Under syn stúdzje krige er kunde oan Kurt Hiller, mei wa't er (yn 'e mande mei ûnder oaren Erwin Loewenson) yn 1909 de Neue Club yn Berlyn oprjochte. Wat letter waard it Neopathetisches Cabaret yn Berlyn oprjochte, wêr't ek Georg Heym oan bydroegen hie. Der waarden doe mear as ien kear literêre jûnen organisearre; Hoddis lies dan faak foar út eigen wurk. Al ein 1912 hie er de earste symptomen fan de geastessykte skizofreny. Sûnt 1914 wenne er yn kliniken en gestichten. Yn 1942 waard er troch de nasjonaalsojalisten earst nei in joadsk gesticht ûnder Koblenz deportearre en in skofte letter yn it ferneatigingskamp Sobibór fermoarde.
Weltende
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoddis waard benammen bekend mei syn gedicht Weltende, dat yn 1911 yn het Berlynske wykblêd Der Demokrat ferskynde.
- Weltende
- Dem Bürger fliegt vom spitzen Kopf der Hut,
- In allen Lüften hallt es wie Geschrei,
- Dachdecker stürzen ab und gehn entzwei
- Und an den Küsten - liest man - steigt die Flut.
- Der Sturm ist da, die wilden Meere hupfen
- An Land, um dicke Dämme zu zerdrücken.
- Die meisten Menschen haben einen Schnupfen.
- Die Eisenbahnen fallen von den Brücken.
Fryske oersetting fan Marten Sikkema:
- Ein fan ‘e wrâld
- De boarger fljocht fan ‘t puntholtsje de hoed,
- Yn alle loften set in gjalpen ta,
- Reiddekkers falle fan ‘e naal midstwa
- En oan ‘e kusten – hjit it – riist de floed.
- De stoarm is kaam, de seeën net te hâlden
- Bespringe ‘t lân dêr’t tsjokke diken leinen.
- De measte minsken binne snotferkâlden.
- Fan alle brêgen tommelje de treinen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allinne Weltende waard doe't er noch libbe publisearre, yn 1918.
Postúm útbrochte sammelbondels: