Springe nei ynhâld

Jaap Mulder (politikus)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakob Mulder)

Jakob (Jaap) Mulder (Aldemardum, 29 jannewaris 1933 - Burgum, 18 april 2016[1]) wie in Frysk politikus.

Mulder waard yn 1952 direkteur fan it Kristlik Fakânsjesintrum yn Sondel wat er oant 1972 bliuwe soe. Dêrneist studearre er; earst foar it steatseksamen hbs en dêrnei is er yn 1967 ôfstudearre yn de sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 1967 ôf oan wie er maatskippijlearaar oan de pedagogyske akademys yn Snits en Dokkum.

Fan 1966 oant 1972 wie Mulder riedslid yn de gemeente Gaasterlân. Fan 1970 ôf wie er foar de ARP (en letter CDA) Steatelid, om yn 1975 deputearre te wurden. Yn 1980 waard Mulder boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Yn 1996 gie er mei pensjoen.

Jaap Mulder stoar yn 2016 yn de âldens fan 83 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-politicus Jaap Mulder overleden, Friesch Dagblad, 21 april 2006 p. 21