Springe nei ynhâld

Jacqueline de Jong

Ut Wikipedy
Jacqueline de Jong
keunstner
Jacqueline de Jong (1982)
Jacqueline de Jong (1982)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacqueline Beatrice de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 febrewaris 1939
berteplak Hengelo
stoarn 29 juny 2024
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as byldzjend keunstner

Jacqueline Beatrice de Jong (Hengelo, 3 febrewaris 1939 - Amsterdam, 29 juny 2024) wie in Nederlânsk byldzjend keunstner, tekener, byldhouwer en grafikus.

Jacqueline de Jong waard yn 1939 yn Hengelo (Oerisel) berne, har heit wie direkteur fan tekstylfabryk De Jong & Van Dam, it lettere Jovanda. Yn 1942 moast it Twintske ûndernimmers gesin ûnderdûke. Yn earste ynstânsje besochten se nei Ingelân te flechtsjen, mar dat mislearre. Har Switserske mem en de Nederlânske keunstner Max van Dam namen har mei rjochting Switserlân, nei Zürich; har heit bleau achter yn Nederlân. By de Switserske grins waarden se arrestearre troch de Frânske plysje, mar krekt op it momint dat se ôffierd wurde soene nei it trochgongskamp Drancy waarden se befrijd troch it ferset, dat har holp de grins oer te stekken. Nei de kriich kaam de húshâlding yn 1947 wer byinoar, Jacqueline sprúts doe gjin wurd Nederlânsk mear, mar Switserdútsk.

Yn 1957, gie De Jong nei Parys. Se studearre dêre Frânsk en drama, en wurke yn de boetyk fan Christian Dior. nei in goed jier yn'e maitiid fan 1958 sette se ôf nei Londen dêr't se drama studearre oan de Guildhall School of Music and Drama, om't se aktrise wurde woe. Hjirnei kaam se werom nei Amsterdam, dêr't se tusken 1958 en 1961 yn tsjinst wie fan it Stedelijk Museum as assistinte op de ôfdieling tapaste keunst ûnder direkteur Willem Sandberg. Yn 1959 moete se by in besite oan Londen de Deenske keunstner en Cobra oprjochter, Asger Jorn, mei wa't se in relaasje krige.

Tusken 1962 en 1968 wie se redakteur en útjouwer fan The Situationist Times, in projekt wêryn't ek Gaston Bachelard, Roberto Matta, Wifredo Lam en Jacques Prévert belutsen wiene. Fan it begjin fan har aktiviteiten ôf as keunstner, byldhouwer en grafikus, waard har wurk rûnom yn Europa en de Feriene Steaten tentoansteld. Se realisearre ûnder oare muorreskilderingen foar de Stopera yn Amsterdam en in ynstallaasje foar de Nederlandsche Bank.

Yn 1970 ferliet se Asger Jorn, wer't se in relaasje krige mei in man dy't letter in gallery begûn en tentoanstellingen organisearre. Yn 1990 waard De Jong de partner fan abbekaat Thomas H. Weyland en yn 1998 trouden se. It koppel joech ferskate lêzingen oer yntellektueel eigendomsrjocht en auteursrjocht yn Nederlân en it Feriene Keninkryk. Yn 1996 kochten se in bûtenpleats yn de Bourbonnais yn Frankryk. Hjir hie De Jong in grientetún en ferboude se ierappels dy't se ta keunst en sieraden omfoarme.

Yn 2003 toande it Cobra Museum foar Moderne Kunst yn Amstelveen en it KunstCentret Silkeborg Bad Denmark in oersichtstentoanstelling fan har wurk, wêrby't ek de katalogus Jacqueline de Jong: "undercover in the Arts" publisearre waard. Tegearre mei Thomas H. Weyland rjochte se yn 2008 de "Weyland de Jong stichting" op. It wichtichste doel is it stypjen fan avant-garde keunstners út alle dissiplinen, arsjitekten en keunstner-wittenskippers fan boppe de fyftich. Har man stoar yn 2009, yn 'e âldens fan 78 jier. Yn 2011 waard it argyf fan De Jong oankocht troch de "Doetinecke Rare Book and Manuscript Library" fan de Universiteit fan Yale.

Se wenne lêste jierren yn it Rosa Spier Huis yn Laren, Jacqueline de Jong ferstoar op 29 juny 2024, yn 'e âldens fan 85 jier, oan de gefolgen fan leverkanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: