Jacob Vosmaer (skriuwer)
Jacob Vosmaer (De Haach, 25 augustus 1783 - Utert, 3 febrewaris 1824) wie in Nederlânsk dokter en skriuwer. Hy wie in omke fan Carel Vosmaer.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy studearre genêskunde oan de universiteit fan Hurderwyk en letter yn Utert, mar promovearre oan de earste. Dêrnei festige er him as dokter yn Haarlim en twa jier letter yn Sutfen. Yn 1816 waard er heechlearaar yn Hurderwyk en yn 1818 te Utert. By de oprjochting fan de Ryks Feeartsenijskoalle dêre yn 1820 kaam er oan dy ynrjochting. Hy stoar yn Utert op 3 febrewaris 1824.
Njonken in protte stikjes yn it Latyn en Nederlânsk oer genêskunde en dêrmei besibbe fakken skreau er: Grondbeginselen der natuurkunde van den mensch (Amst. 1808); De menschenliefde (dichtwurk, Hurderwyk 1818); Apothekers woordenboek, letter A-D (Sutfen 1822, fuortset troch Cl. Mulder, Sutfen 1828); De kunst om lang te leven en wel te sterven (Haarlim 2e dr., 1828, Amst., 1852); Nagelaten en verspreide letterarbeid (2 dln., Haarlim 1826, mei dêr yn opnaam Wandelingen van Maarten Vroeg). Dy lêste apart yn Haarlim 1852 en yn Arnhim 1872.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |