Jaap Min

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jaap Min (Bergen, 16 septimber 1914 – dêre, 6 oktober 1987) wie in Nederlânsk ekspresjonistysk keunstskilder.

Op oantrún fan de skilder Matthieu Wiegman sette Jaap Min yn 1938 út ein mei syn stúdzje monumintale keunst oan de Ryksakademy te Amsterdam laat fan Johannes Hendricus Jurres en Heinrich Campendonk.

1939 makke er in stúdzjereis nei Padua en Verona dêr't er it wurk fan Massimo Campigli en Giotto yn him opnaam, dat fierders fan grutte ynfloed op syn wurk west hat.

Nei in tal opdrachten yn Limburch, wie her fan 1955 oant 1961 dosint.

Foaral troch syn religieuze eftergrûn en de ynfloed fan Campendonk hat er in soad wurk makke foar tsjerken, sa as krúsweistaasjes (yn oalje) en glês-yn-lead-ramen. In foarbyld dêrfan is te sjen yn de Pius X-tsjerke yn Alkmaar.

Jaap Min wie in omke fan de dichteres Neeltje Maria Min.

Jaap Min stoar yn de âldens fan 73 jier yn syn berteplak Bergen (NH).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oerset fan de Nederlânsktalige Wikipedia, Jaap Min