Johannes Philippus Hogendijk
Appearance
(Trochferwiisd fan J.Ph. Hogendijk)
Johannes Philippus Hogendijk (Zevenaar, 27 novimber 1845 – Apeldoarn, 20 oktober 1926) wie in arsjitekt út Snits.
Hogendijk wie gemeente-arsjitekt fan 1876 oan 1914 fan de eardere gemeente Snits. Hy wie dêr ferantwurdlik foar in tal bouwurken dy't letter as ryksmonuminten oanwiisd waarden.
It Frysk Skipfeart Museum yn Snits hat ferskate boutekeningen fan Hoogendijk.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Lêste Stoerbrêge, ien fan de oarspronklik njoggen brêgen dy't er yn Snits bouwe liet.
- Noardertsjerke (Snits)
- Sudertsjerke (Snits)
- Restauraasje fan de Wetterpoarte
- Roomsk-Katolyk Begraafplak Sint Martinustsjerke
Njoggen brêgen fan getten izer yn Snits
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Aa skreau yn de 19e iuw al oer de brêgen yn Snits en it "hiel protte houten brêgen" binnen de stêd. [1] Hogendijk hat lykwols njoggen as tsien fan de brêgen fan doe ferfongen troch sierlike brêgen fan getten izer.
Alice Booij sommet dit op:
- Heecheinsterbrêge: Lein yn 1885; Ferfongen yn 1955.
- Jousterpiip: Lein yn 1886; ferfongen yn 1938.
- Lêste Stoerbrêge: Lein yn 1887; is der noch hieltiid noch.
- Draaisleatsbrêge: Lein yn 1893; boppenbou fuorthelle yn 1957. Sûnt ôfbrutsen (2023).
- Wâldfeartsbrêge: Lein yn 1893. Is yn 1964 oarsom lein, mar is der hieltiid noch.
- Alde Koemarktbrêge: Lein yn 1896; teslope doe't de Singel demme waard yn 1955.
- Wûnderbrêge: Lein yn 1901; slope yn 1968.
- Singelbrêge: Lein yn 1908; teslope doe't de Singel demme waard yn 1955.
- Bysketoerbrêge: Lein yn 1908; ferfongen yn 1966.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|